1536
Ut Wikipedy
Ieuwen: 11e - 12e - 13e - 14e - 15e - 16e ieu - 17e - 18e - 19e - 20e - 21e
Jierren: 1531 - 1532 - 1533 - 1534 - 1535 - 1536 - 1537 - 1538 - 1539 - 1540 - 1541
[bewurkje seksje] Foarfallen
- 3 maaie - In brân fermoedlik ûntstien troch bliksemynslach, leit in grut diel fan de stêd Delft yn de jiske.
- Karel van Gelre besiket mei help fan de Fetkeaper de boargeroarloch in Grins yn syn foardiel te beslissen en de stêd te besetten, mar de ried fan de Stêd behindert dat.
- Steedhâlder Georg Schenck fan Toutenburch ferslaat Karel fan Gelre yn de slach by Heiligerlee. Karel moat syn oanspraken op Grinslân en Drinte opjaan.
- Sebastiaan fan Schonenburch wurdt grytman fan Kollumerlân
- Menno Simons brekt iepenlik mei de roomske tsjerke
- 10 desimber , Ferdrach fan Grave: Karel fan Gelre krijt minder rjochten, mar Karel V krijt net it erfrjocht.
- Denemark ferklearret it keninkryk Noarwegen ta in Deenske provinsje; begjin fan Denemark-Noarwegen. Denemark fiert de Reformaasje yn; it lân wurdt Lutersk.
- Karel V wurdt lienhear en greve fan de gewesten Grinslân en Drinte.
[bewurkje seksje] Berne
- Francisco Verdugo, de lêste Spaanske steedhâlder yn de gewesten Fryslân, Grinslân, Drinte en Oerisel.
[bewurkje seksje] Ferstoarn
- 19 maaie - Anne Boleyn, de twadde frou fan Hindrik VIII fan Ingelân, wurdt ûnthalze fanwege oerhoer.
- 12 july Erasmus fan Rotterdam, humanist
Jierren: 1531 - 1532 - 1533 - 1534 - 1535 - 1536 - 1537 - 1538 - 1539 - 1540 - 1541
Ieuwen: 11e - 12e - 13e - 14e - 15e - 16e ieu - 17e - 18e - 19e - 20e - 21e

