Menno Simons

Ut Wikipedy

Gean nei: navigaasje, sykje
Menno Simons

Menno Simons, (Wytmarsum 1496 - Bad Oldesloe (Sleeswyk-Holstein), 31 jannewaris 1561)), wie katolyk pryster, reformator (tsjerkeherfoarmer) en lieding - en nammejouwer fan de Mennisten (Doopsgesinden). Hy wie fan 1537 ôf oant syn dea ien fan de wichtichste lieders fan de doperske reformaasje dy't benammen yn de kustomkriten fan Dúnkerken oant Dantzig in mânske oanhing hienen.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Libbensrin

Menno Simons waard berne te Wytmarsum. Syn krekte bertedatum is net bekend, lykas der oer syn jongesjierren ek gjin ynformaasje bewarre bleaun is. Hy waard yn 1524 yn it Aartsbisdom Utert ta pryster wije en nij syn oplieding wie Penjum ]syn earste parochy.

Al yn syn begjinjierren as pryster hie Menno Simons twifels oer de wize, dêr't de Katolike tsjerke op omgie mei de sakraminten. Doe't er hearde dat Sicke Freerks op 20 maart 1531 yn Ljouwert eksekutearre waard, omdat er him op 'e nij dope litten hie, naam dy twifel allinne noch mar ta. Hy sympatisearre earstoan mei Maarten Luther, dêrnei waard hy mear oanlutsen troch de ideeën fan Huldrych Zwingli en om-ende-by 1531 rekke yn ûnder de yndruk fan de út Switserlân stamjende Doopsgesinden.

Yn dyselde tiid kaam er werom nei syn bertedoarp Wytmarsum, om dêr it prysterskip op him te nimmen. Yn de jierrech '34-36 preke hy fûl tsjin de militante praktiken fan Jan van Leiden en Jan van Batenburg, mar yn 1535 lit er him lykwols op 'e nij dopen (werdopen; hy wie nammentlik as bern yn de katolike Tsjerke dope) en it soe noch oant jannewaris 1536 duorje eart Simons folslein brekt mei de Katolike tsjerke en doopsgesind waard. Hjir gie oan foarôf it belis fan it Oldeekleaster tichtby Boalsert, dêr't in opjeie groep dopers harren ferskûle hienen. De ynname fan it kleaster in wike letter troch de steedhâlder fan Fryslân liede ta in moarderij, dêr't ek in broer fan Menno ien fan de sneuvelen by wie. Wa finzen nommen wie, waard letter yn Ljouwert terjochtstelt en fermoarde. Op 12 jannewaris 1536 jout Menno Simons syn amt op fan pastoar en lutst fuort nei Grins, dêr't de ferfolging fan Doopsgesinden minder strang is. Hy hâlde him in jier dêr ferskûle om it lot fan Sicke Freerks en oare ûngelokkige tiidgenoaten te ûntrinnen.

Yn 1537 waard Simons tsjerklik lieder fan de Baptisten yn Nederlân. Hy wenne nei alle gedachten in grut part fan de tiid yn Grinslân, dêr't er yn Grins in Menniste gemeente foargie en dêr't er ek troude. Hy reizge folle, nei Fryslân, en nei East-Fryslân, en fierder nei it easten. Mar hie wie nearne lang feilich, en yn 1542 loofde Karel V 100 gûne út foar syn oanhâlding.

Simons oranisearre troch hiel it Dútske taalgebiet de gemeenten, wiisde liedslju oan, en joech stipe oan syn leauwensgenoaten troch it skriuwen fan brieven. Yn 1539 kaam syn 'Fûnemintenboek' út, dat tige dierber wie ûnder de minnisten. Simons wie strang op de libbenshâlding: de gemeente moast 'sûnder flek op rimpel '(Ef. 5:27) wêze, dêr't hy de klam by lei op de needsaak fan geastlike werberte, it suvere apostelskip fan de kristlike gemeente. Dêr kaam by dat er fûl tsjinstanner wie fan de bernedoop dat hy seach as net bibelsk fûndeare.

Earst yn 1554 fûn hy, lykas oare Mennisten, yn feilich plak op it bûten Wústenfelde, by Bad Oldesloe yn Sleeswyk-Holstein. Yn de rin fan de tiid krigen syn frou Gertrude en hy op syn minsten twa famkes en ien jonge, Jan. Hy ferstoar op 31 jannewaris 1561 op Wústenfelde, en wie dêr ek begroeven. Mar yn de Tritichjierrige Oarloch waard it bûten ferwoastge, sa't it plak fan syn grêf net mear bekend is.

[bewurkje seksje] Monumint

Op 11 septimber 1878 waard by syn bertedoarp in monumint ûntbleate ta oantins oan Simons. Op it plak fan it monumint hat eartiids in hús stien, dêr't de Doapsgesinden eartiids yn tegearre kamen. Simons soe syn leauwensgenoaten hjir tasprutsen hawwe. Op it stuit wurdt der oan wurke om hjir in Ynternasjonaal Menno Simons Sintrum op te rjochten.

[bewurkje seksje] Mennisten

Doopsgezinden wurde ek wol mennoniten of mennisten neamd. Yn de Feriene Steaten binne der ferskate groepen leauwenden dy't harren "Mennonite Church" neamen. Oer de hiele wrâld ferspried libje doopsgezinden.

Op it stuit binne der mear as 1,3 miljoen doopsgezinden wrâldwiid.

[bewurkje seksje] Sjoch ek

[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Sjouke Voolstra, Menno Simons (1496-1561) Leven, beeld en boodschap, 1995-Landsmeer.
  • Menno Simons.net
Aspekten/aksjes
Persoanlike ynstellings