Grins (stêd)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Grins
GroningenCity Montage.jpg
Sifers
Ynwennertal 187.622 (2010)
Oerflak 83.69 km²
Befolkingstichtens 2.324 / km²
Hichte 6,5 m boppe seenivo [1]
Polityk
Lân Nederlân
Provinsje Grinslân
Gemeente Grins
Boargemaster Peter Rehwinkel
Oar
Stifting Aldste oerlevering namme út 1040: villa Cruoninga
Postkoade 9700-9749
Koördinaten 53° 13′ NB, 6° 34′ EL
Webside portal.groningen.nl

Grins (Grinzersk: Grunnen, Nederlânsk: Groningen) is de haadstêd fan de provinsje Grinslân en ek it haadplak fan de gemeente Grins. De stêd is fierwei de grutste stêd fan it noarden fan Nederlân mei sa'n 187.622 ynwenners (2010). Grins is foaral in studintestêd, mei de Ryksuniversiteit Grins (RUG) en de Hânzehegeskoalle Grins. Mei alle oare hbû ynstellings derby rekkene hat Grins sa'n 50.000 studinten. Sa likernôch 35.000 dêrfan wenje ek yn de gemeente Grins.[2] De stêd stiet bekend om syn 97 m hege Martinitoer, troch de Grinzers ek wol d'Olle grieze (âlde grize) neamd.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Geografy

De stêd leit op de noardein fan de Hûnsrich. Westlik en eastlik dêrfan leinen eartiids feangebieten dy't in stik leger yn it gea leinen. Noardlik fan de stêd leit it klaaigebiet fan de Ommelannen.

[bewurkje seksje] Stedsyndieling

Foar de stêd en de gemeente Grins binne ferskate stedsyndieling.

  • De gemeente Grins is yndield yn fiif stedsdielen: Binnenstad, Oude wijken, Noordwest/Hoogkerk, Noorddijk en Zuid.
  • De yndieling fan it CBS hat 10 wiken: Binnenstad, Schilders- en Zeeheldenwijk, Oranjewijk, Korrewegwijk, Oosterparkwijk, Oosterpoortwijk, Herewegwijk en Helpman, Stadsparkwijk, Hoogkerk, Noorddijk.

De wenwiken kinne ferdielt wurde yn ferskate buerten. It CBS en de stêd Grins brûke dêrfoar yndielingen dy't foar lyts part oerienkomme.

[bewurkje seksje] Skiednis

Grins is ûntstien op de noardlikste útrinner fan de Hûnsrich. It doarp waard in belangryk hannelsplak en yn de 13e ieu waard der in wâl om it plak lein en waard it lid fan de Hânze. Yn 1361 wurdt yn de stêd in gearkomste fan de Upstalbeam holden. It is de iennichste gearkomste fan de Upstalbeam dy't yn de stêd holden waard. Neffens alle wierskyn wie de gearkomste fan 1361 ek de lêste gearkomste fan it bûn.

Yn 1614 krige Grins syn universiteit. Letter yn de 17e ieu waard in nije omwâling oanlein, ûntwurpen troch festingbouwer Menno van Coehoorn. Yn it rampjier 1672 waard Grins in skoft belegere troch de biskop fan Münster, Bernard von Galen. Alle jierren op 28 augustus fiert de stêd de oerwinning op Bommen Berend. Yn 1772 waard der in Frijmitselderslôzje in Grins stifte, L' Union Provinciale neamd. By syn stifting hat de Lôzje as stribjen om de dan hearskjende sosjale en ekonomyske omstannichheden yn it positive te beynfloedzjen. Yn de tiid fan oprjochting wie der ommers frijwat skeel tusken Stêd en Ommelân. Dêrom ek de betsjutting fan de namme fan de Lôzje: "Provinciale Eenheid". Tsjintwurdich hat Grins 5 Frijmitselderslôzjes.

Yn de Twadde Wrâldkriich rekken sa'n 3300 ynwenners dea, wêrfan 2800 Joaden.[3] Foar de kriich hie de stêd in Joadske mienskip fan sa likernôch 3000 minsken.[4] Op de Grutte Merk siet yn it Scholtenhûs in ôfdieling fan de SD, dy't syn fûle terreur oer de stêd jilde liet. De Slach om Grins waard fochten fan 13 oant en mei 16 april 1945. De Dútsers sa'n 7000-7500 soldaten fan de Wehrmacht en de SS ynset. Oan de alliearde kant waard de 2e Kanadeeske ynfanterydivyzje ynset.

Yn de tweintichste ieu wreidet de stêd him hieltyd fierder út. Yn jannewaris 1915 wurdt it doarp Helpman fan de gemeente Haren anneksearre troch de stêd Grins.[5] Yn 1969 wurde de gemeenten Heechtsjerk (Hoogkerk) en Noarddyk (Noorddijk) by Grins foege.

[bewurkje seksje] Ekonomy

Yn april 2009 hie de stêd 134.207 wurkplakken.[6] De stêd is in belangryk hannelsplak bleaun en hat dêrneist ek in grutte fiedingsmiddelsyndustry (sûker, tabak, kofje). Mei twa sûkerfabriken wie Grins de grutste sûkerstêd fan Jeropa. Yn 2008/09 waard it fabryk fan de Suiker Unie sletten, it fabryk fan CMS is noch yn bedriuw. Oare ferneamde bedriuwen út Grins binne Hooghoudt (alkoholyske dranken lykas de jenever), útjouwerij Noordhoff en Theodorus Niemeyer (tabakprodukten lykas de Samson-shag). Grutte ynstellingen, troch de steat betelle, binne de Gasunie en it Universitair Medisch Centrum Groningen (UMCG). By it sikehûs UMCG binne sa likernôch 11.000 minsken oan it wurk.[7]

[bewurkje seksje] Ferkear

Ringwei

De grutste sneldiken binne de A7 en de A28. De A7 is in east-west ferbining (Drachten, Ljouwert, Amsterdam), de A28 is in noard-súd ferbining (Zwol, Amersfoart, Utert). De A28 slút yn East-Fryslân oan op de Dútske A31. Op it knooppunt Julianaplein komme de A28 en de A7 byinoar. It Julianaplein is in ûnderdiel fan de ringwei om de stêd hinne. Gruttere plattelânsdiken binne de N46 nei Iemshaven, de N361 nei Winsum, de N360 nei Delfsyl en de N355 nei Súdhoarn. Dy N-diken binne allegear mei de fjouwerbaanske ringwei ferbûn. Nei it sintrum ta binne de gebieten om de Grutte Merk en de Fiskmerk hinne autofrij.

Grins leit oan it spoar fan Ljouwert nei Lear,East-Fryslân (east-west ferbining). Nei it suden is Grins oer it spoar ferbûn mei Assen, Meppel en Swol. Nei it noarden ta lizze twa net elektrifisearre spoaren; ien nei Delfsyl en ien nei Roodeschool. Der binne trije treinstasjons; Grins (sintraal stasjon), Grins Europapark en Grins Noard.

Yn Grins komme ferskate grutte wettterwegen byinoar. Ut it westen wei is dat it Van Starkenborghkanaal, fan Delfsyl ôf it Iemskanaal, út it súdwesten it Winschoterdiep, en it Noard-Willemskanal út it suden.

De stêd Grins sil ek in eigen tramnetwurk krije. Yn 2012 sil begûn wurde mei de bou fan twa tramferbinings. Yn de earste helte fan 2016 soenen beide ferbinings klear wêze moatte.[8]

Tsien kilometer súdlik fan de stêd leit 'Groningen Airport Eelde', in fleanfjild mei ferskate Europeeske reisdoelen.

[bewurkje seksje] Parken en bouwurken

Martinitoer
It Grinzer museum

[bewurkje seksje] Ferneamde Grinzers

Berne yn Grins
Ynwenner fan Grins
  • Aletta Jacobs, wie de earste Nederlânske froulike dokter en feministe.
  • Jacob Botke, biolooch en learaar yn Grins, oprjochter fan it Natuerhistoarysk Museum yn Grins (1929).
  • Ubbo Emmius, histoarikus, teolooch, pedagooch en stifter fan de Grinzer Universiteit

[bewurkje seksje] Keppeling om utens

Commons Commons: Groningen (city) – foto, fideo en harktriemmen

[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Gemiddelde hoogte in N.A.P. van de belangrijkste gemeenten fan allesopeenrij.nl
  2. Statistysk Jierboek gemeente Grins 2010, tabel 8.7.1 (sûnt skoaljier 2009-10) en tabel 8.7.2 (sûnt 2008)
  3. http://www.grunn.nl/historie/uitgebreid/?action=view&pid=9
  4. http://www.jhm.nl/cultuur-en-geschiedenis/nederland/groningen/groningen
  5. groningerarchiefnet.nl skiednis Haren
  6. Statistysk Jierboek gemeente Grins 2010, haadstik 5 side 56
  7. Feiten en sifers UMCG
  8. regiotram.nl planning
Persoanlike ynstellings
Nammeromten
Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen