Ryksuniversiteit Grins

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Ryksuniversiteit Grins
University of Groningen
Wapen fan de RUG
Wapen fan de RUG
Latynske namme Academia Groningana
Motto Verbum Domini lucerna pedibus nostris ('It wurd fan de Hear is in ljocht op ús paad')[1]
Plak Grins
Lân Nederlân
Oprjochte 1614
Rektor Prof. dr. Elmer Sterken
Tal studinten 30.041 (30-09-2014)[2]
Tal meiwurkers 6.500 mei it UMCG (2012)
Netwurken Coimbra, EUA, SAE
Webside webside
Akademygebou fan de Ryksuniversiteit Grins út 1909
De Linnaeusboarch op it Zernikekompleks (augustus 2012)
Technysk Fysysk Laboratoarium (2010)
It Donald Smits Centrum foar Ynformaasje Technology (CIT) op it Zernikekompleks (oplevere 2002)

De Ryksuniversiteit Grins (RUG) is yn 1614 oprjochte. Dêrmei hat Grins nei de Universiteit fan Leie de twadâldste noch besteande universiteit fan Nederlân. De universiteit hat 479 heechleararen en biedt 49 bacheloropliedings en 146 masteropliedings oan.[3]

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

17e ieu[bewurkje seksje | edit source]

De RuG waard yn 1614 oprjochte, as hegeskoalle, op de inisjativen fan Willem Loadewyk en de Steategearkomste fan Stêd en Ommelannen. Der wiene doe 4 fakulteiten:

Yn dy tiid kamen der jierliks 100 nije studinten by.

Yn de 17e ieu wie de RUG, lykas de measte universiteiten, ynternasjonaal oriïntearre. Studinten en dosinten gongen fan de iene nei de oare universiteit, en sa kaam de helte fan'e studinten en dosinten yn Grins út it bûtenlân. Ek de earste rector magnificus, Ubbo Emmius, wie in Eastfries. Lykwols wie ek de bân tusken universiteit en regio hecht.

18e en 19e ieu[bewurkje seksje | edit source]

Troch teologyske mieningsferskillen en in muoisumme relaasje mei de Steaten - ûnder mear de belegering fan de stêd troch Bommen Bearend yn 1672 - stagnearre de ûntwikkeling fan de universteit oan'e ein fan de 17e en yn de 18e ieu. Der hat doe ek sprake fan west om de universiteit op te heffen. Troch ûnder oaren de bou fan in nij akademygebou yn 1850, dat spitigernôch yn 1906 troch brân ferwoaste is, en de Wet op it Heger Underwiis yn 1876 waard de posysje fan de universiteit ferbettere. Yn dy tiid krige de universiteit ek de namme Ryksuniversiteit Grins en waard neist it Latyn ek yn it Nederlânsk kolleezje jûn. Dêrneist waard ek begûn mei ûndersyk.

20e ieu[bewurkje seksje | edit source]

De earste desennia fan 'e 20e ieu naam it tal fakulteiten en opliedings ta. Dermei naam ek it tal studinten ta: stiene der yn 1914 noch 611 studinten ynskreaun, yn 1924 wiene dat der al 1.000. Yn de oarloch naam it tal studinten ôf, mar it naam dêrnei yn heech tempo wer ta.

Studinten[bewurkje seksje | edit source]

Yn al dy jierren binne der in soad talintfolle studinten oplaat dy't letter ek noch fan harren sprekke litten hawwe. Sa hat de RuG it stúdzjeplak west fan in Nobelpriiswinner (Zernike), de earste froulike studint (Aletta Henriëtte Jacobs) en de earste froulike lektor (Marianne van Herwerden), de argeolooch Van Giffen, de earste Nederlânske romtefearder (Wubbo Ockels) en de earste presidint fan de Jeropeeske Sintrale Bank (Wim Duisenberg).

In grut diel fan de studinten komt út it bûtenlân.

Fakulteiten[bewurkje seksje | edit source]

Anno 2014 hat de RUG tsien fakulteiten:

Publikaasje[bewurkje seksje | edit source]

  • Klaas van Berkel: Universiteit van het Noorden. Vier eeuwen academisch leven in Groningen. Deel 1: De oude universiteit 1614-1876. Hilfertsom, Verloren, 2014. ISBN 978-90-8704-466-4
  • Jolanda Oosterheert: In vol ornaat. Vier eeuwen Groningse senaatsgalerij. Grins, 2009. ISBN 9789077922576
  • Universitair leven in Groningen 1614-1989. Professoren en studenten, boek en uitgeverij. Red. J. Kingma, W.R.H. Koops en F.R.H. Groningen, 1989. ISBN 90-367-0162-7
  • R.E.O. Ekkart en J. Schuller tot Peursum-Meijer: Groninger academieportretten. Catalogus van de portretten in het Academiegebouw en de Bibliotheek der Rijksuniversiteit te Groningen. Grins, 1978. Geen ISBN
  • Historisch Genootschaap te Groningen: Album Studiosorum Academiae Groninganae. Boekdrukkerij B. Wolters, Grins, 1915
  • Studying in Groningen Through the Ages. A History of the University of Groningen and the First English Department in the Netherlands. Grins, Groningen University Press, 2014. ISBN 978-90-367-7125-2

Eksterne ferwizing[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Noat

  1. Frij fertaald
  2. Studintetallen 2014
  3. Feiten en sifers fan de Ryksuniversiteit Grins