Dagblad van het Noorden

Ut Wikipedy
De redaksje yn Emmen

It Dagblad van het Noorden is in deiblêd dat ferskynt yn de provinsjes Grinslân en Drinte.

De haadredaksje fan de krante sit yn de stêd Grins, de útjouwer is NDC Mediagroep, ûnderdiel fan de NDC VBK, dy't ek de Leeuwarder Courant útjout en sûnt 2013 it Frysk Deiblêd.

Gearfoeging[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 9 maart 2001 makke útjouwerij Hazewinkel Pers bekend dat it Nieuwsblad van het Noorden, it Groninger Dagblad en de Drentse Courant gearfoege wurde soenen ta ien moarnskrante. De reorganisaasje soe rom 80 arbeidsplakken kostje, wêrfan 60 op de redaksjes. De gearfoeging kaam mei troch de hurd weromrinnende oplage fan Nieuwsblad van het Noorden. Yn fjouwer jier tiid wie dizze mei 10% weromrûn. Nei in protte diskusje waard Dagblad van het Noorden de nije namme foar de gearfoeging fan de trije kranten. Op 2 april 2002 ferskynde de nije krante foar it earste yn de foarm fan in moarnskrante, en dat wie foar de lêzers fan it eardere Nieuwsblad van het Noorden in noviteit.

Sport[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Dagblad van het Noorden is de fêste folger fan de noardlike fuotbalklups FC Emmen, FC Groningen en BV Veendam. De krante beoardielt de spilers fan de clubs nei wedstriden oan de hân fan sifers.

Drukkerij[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 23 jannewaris 2010 waard de lêste Dagblad van het Noorden drukt yn Grins. Sûnt 25 jannewaris 2010 wurdt de krante printe op de nije parse fan NDC yn Ljouwert.

Tabloid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sûnt 1 april 2010 wurdt de krante op wurkdagen op tabloidformaat drukt. Dêrneist is ek it lettertype feroare fan Swift (skreef) nei spesjaal foar Dagblad van het Noorden troch Jelmar Geertsma ûntwikkele Chaton (skreef) foar tekst en fan Argo (skreefleas) nei Avenir (skreefleas) foar koppen.[1]

Dagblad van het Noorden hat it tabloidformaat 415 mm × 285 mm (sideformaat), de sneonskrante komt út op 830 mm × 570 mm (útklapformaat).

Gearwurking mei de Ljouwerter Krante[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mei yngong fan 2014 binne it Dagblad van it Noarden en de Ljouwerter Krante ûnder ien haadredaksje brocht. De haadredakteur is Evert van Dijk. De haadredakteur fan it Dagblad van het Noorden is Erik Wijnholds. Dêrmei binne de beide redaksjes foar de haadkaternen ynelkoar skood en binne de artikels oer binnenlân, bûtenlân, media en ekonomy yn beide kranten te finen. De regionale artikels binne yn de beide kranten wol fan in eigen redaksje ôfkomstich.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Dagblad van het Noorden, 1 april 2010, side 2