Delfsyl
Ut Wikipedy
Delfsyl (Grinslânsk: Delfsiel) is in havenstêd en gemeente yn it noardeasten fan de provinsje Grinslân oan de mûning fan de Iems. It is de grutste haven fan Noard-Nederlân en hat 12 % fan de gemy fan Nederlân. It is de fjirde stêd van de provinsje Grinslân en is de lêste stêd yn Nederlân dy't offisjeel stêdsrjochten krigen hat.
De lêste tiid hat Delfsyl negatyf yn it nijs wêst. Njonken in politike krisis yn de gemeenterie, waard de stêd ek publyklik beskreaun as saai en ûnnoflik. Mei in grutte kampanje wol de gemeente de stêd wer in goed imago jaan. De grutste plakken binne:
[bewurkje seksje] Gemeentlike yndieling
De grutste plakken yn de gemeente Delfsyl binne:
| Namme | Ynwenners (2005) |
|---|---|
| Delfsyl | 17.080 |
| Farmsum | 2.510 |
| Weagenboarchen | 1.910 |
| Spyk | 1.250 |
| Holwerd | 1.040 |
| (bron: CBS Gemeente op maat - PDF) | |
De oare plakken yn de gemeente binne yn it Frysk: Amsweer, Arwerd, Beamsum, Bierum, Biessum, Binnen Ae, Boarchsweer, Dallingeweer, Dekkershúsen, Delfsyl, Farmsum, Feldwerd, Fiemel, Geefsweer, Godlinze, Heveskes, Heveskeskleaster, Ideweer, Holwerd, Krewerd, Ladysmith, Lalleweer, Loasdoarp, Meidhúsen, Nansum, Neaterij,Nooitgedacht, Oterdum, Poalen, Spyk, Termunten, Termuntersyl, Túkwerd, Túkwerderrak, Twahúsen, Útein, Útwerd, Fjouwerbuorren, Fjouwerhúsen, Wagenboarchen, Wartum, Weiwerd, Wâldendoarp en Seishúsen.

