Upstalbeam

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Skiednis fan Fryslân

Frisii
Grutte Folkeferfarren


Skiednis fan Fryslân
Skiednis fan de Friezen
Tiidline fan de Fryske skiednis


Fryslân yn de midsieuwen
Fryske Ryk (6e ieu-734)
Fryske Frijheid (11e ieu-1498)
Upstalbeam (1156-1327)


Dieling nei de midsieuwen
Frisian flag.svg Hearlikheid Fryslân (1524-1795)
Flag ommelanden.gif Grinzer Ommelannen
Flag of East Frisia.svg East-Frysk Greefskip en Prinsdom (1464-1744)


Hjoed
West-Friesland vlag.svg West-Fryslân (gjin lid fan 'e Fryske rie)
Frisian flag.svg Westerlauwersk-Fryslân
Flag Groningen.png Grinslân (gjin lid fan 'e Fryske rie)
Flag of East Frisia.svg East-Fryslân
Nordfriesischeflagge.svg Noard-Fryslân

Grutsegel fan it Upstalbeambûn (1324)
Aldst bekende ôfbyld fan de Upstalbeam, troch C.B. Meyer (1790)
Hjoeddeiske tastân fan de Upstalbeam mei piramide
Fryske lannen om 1300 hinne

De Upstalbeam (Aldfrysk: Opstallisbaem, Dútsk: Upstalsboom) wie yn de midsieuwen it plak dêr't ôffurdigen út de Sân Fryske Seelannen gearkamen om rjocht te sprekken en mienskiplike besluten te nimmen. De Upstalbeam leit súdwestlik fan Auwerk, by it plak Rahe.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Namme

De oarsprong fan de namme is net bekend. It wurd 'Upstalbeam' kin skieden wurde. Mei 'beam' wurdt net perfoarst in heech opgeand gewaaks ornearre. It kin likegoed om in peal, ôfsetting of grins gean. 'Upstal' is in greide mei in dúdlike grins en wie mandeguod fan de mienskip.[1]

[bewurkje seksje] Beskriuwing

It gebiet leit op in hege sângrûn (geast) dat troch gletsjers yn de Saale-iistiid opstood is. Op dy sângrûn ferriisde yn de prehistoarje in grêfheuvel. Yn de grêfheuvel binne urnen fûn út de brûns- en izertiid, dy't no bewarre wurde yn it Eastfryske Lânmuseum (Ostfriesischen Landesmuseum) yn Emden. Neffens argeologysk ûndersyk waard de heuvel fan de 8e ieu ôf bebuorke. Op in skildering fan 1790 is in iik te sjen. It is net bekend oft der yn de midsieuwen begroeiïng wie op de heuvel. It plak wie doe wol goed berikber oer it lân en wetter. Yn 1833 is ta oantinken oan de histoaryske betsjutting fan de Upstalbeam boppe-op de grêfheuvel in piramide boud. De Upstalbeam leit hjoed de dei yn in lytse bosk. It gebiet dêromhinne wurdt foarme troch in kûlisselânskip. De Upstalbeamheuvel is mei 6,8 meter it heechste punt yn it gebiet.

[bewurkje seksje] Eftergrûn

Wylst Europa ieuwenlang bestjoerd waard troch feodale hearen, foel yn de 12e ieu yn Fryslân it gesach fan de greven wei en waarden de Friezen in frij folk sûnder lânshear. Mei it weifallen fan dat gesach ferdwûn ek de funksje fan skelta, mar dêr foar yn de plak kaam de grytman dy't ek wol redjeve ('riedjouwer/rjochtsizzer') neamd waard. It juridysk foech wie by him yn hannen en hy waard faak bystean troch mei-rjochters, de Asega ('rjochtsizzer') en troch de meente. In oare machtsfaktor yn de midsieuwen wienen de haadlingen en kleasters.

Om 1300 bestie hiel Fryslân tusken Fly en Weser út in grut ferskaat fan lytse republykjes dy't 'terra' (lânsmeenten) neamd waarden en dêr't sa'n 27 fan wienen. De bewenners fan de Fryske goaën, dy't meiïnoar de Sân Fryske Seelannen foarmen, hawwe ferskillende kearen besocht om alle 'terra' byien te bringen yn in oerkoepelend orgaan. Dat orgaan hat it ferbûn fan de Upstalbeam wêst.

[bewurkje seksje] Skiednis

Offurdigen fan de Friezen fan de Sân Seelannen moeten inoar by de Upstalbeam om rjocht te sprekken en mienskiplike besluten te nimmen. De ôffurdigen waarden mei Peaske yn harren eigen gebiet keazen. De gearkomsten wienen ienkear yn 't jier op de tiisdei nei Pinkster.

De earst-bekende gearkomste wie yn 1156 om in skeel tusken twa East-Fryske goaën te sljochtsjen. Neffens skriftlike boarnen waarden de Upstalbeamgearkomsten mei ôffurdigen fan de Sân Seelannen holden yn it tiidrek 1216-1231 en 1323-1327. Yn dy lêste perioade waarden de akten besegele mei in grutsegel fan it Upstalbeambûn, it Totius-Frisiae-Segel. Yn 1323 waarden de Willekeuren fan de Upstalbeam oannommen, in poging ta unifikaasje fan it Fryske Rjocht. By de Upstalbeamgearkomste fan 1327 waarden stedsrjochten ferliend oan Appingedam.

[bewurkje seksje] Hjoed de dei

Sûnt 2000 is der wer mear belangstelling foar de Upstalbeam.[2] Sûnt 2004 organisearret it Friesisches Forum alle jierren in Upstalbeamgearkomste op de earste tiisdei nei Pinkster.[3] Yn 2005 fierde de Fryske Rie it 50-jierrich jubileum fan it Frysk manifest by de Upstalbeam.

[bewurkje seksje] Nijsgjirrich

  • Yn 1925 joech de feriening 'De Upstalbeam' it tydskrift 'De Upstalbeam - Tydskrift for it Fryske libben en de Fryske striid' út. Yn it bestjoer sieten Sj. Rusticus, D. Kalma en B. Tuinstra. [4]
  • Yn East-Fryslân binne noch hieltyd in protte hotels te finen mei de namme Upstalbeam of 'Upstalsboom'.
  • Fan it grutsegel fan de Upstalbeam, de Totius-Frisiae-Segel, binne trije eksimplaren oerlevere. It segel is 12 sm grut. Twa dêrfan lizze yn Bremen. It tredde en geefste eksimplaar leit yn Parys.
  • Op de grêfheuvel stiet yn stiennen pyramide dy't dêr yn 1833 delset troch de Eastfryske Steaten (Ostfriesische Stände). Dy ynstânsje kin as foarrinder sjoen wurde fan de Eastfryske Lânskip (Ostfriesische Landschaft).
  • De stiennen fan de piramide op de grêfheuvel komme fan in ôfbrutsen tsjerke út Auwerk.

[bewurkje seksje] Fierder lêze

Literatuer
Fakliteratuer
  • Fryslâns ferline. Afûk 2002 (twadde printinge), ISBN 90-6273-598-3
  • De Fryslannen. Fryske Rie/Afûk 2008, ISBN 978-90-6273-773-4
  • Pieter Gerbenzon: Apparaat voor de studie van Oudfries recht. Bewerkt door Barendina S. Hempenius-van Dijk.
  • Gerhard Köbler: Lexikon der europäischen Rechtsgeschichte. 1997.
  • Karl von Richthofen: Friesische Rechtsquellen.

[bewurkje seksje] Keppeling om utens

[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Hajo van Lengen (Hrsg.): Die Friesische Freiheit des Mittelalters – Leben und Legende, Utjouwer 'Ostfriesische Landschaft', 2003, ISBN 3-932206-30-4, side 424
  2. Simmer-fytstocht nei Aurich, Omrop Fryslân, 15 july 2000 (sjoen op 24 jan. 2010)
  3. 13. Mai: Friesisches Treffen am Upstalsboom
  4. Argiven FLMD (PDF-triem)
Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen