Willehad

Ut Wikipedy
Willehad
Biskop Willehad

Willehad (Noardumbrje, om 745 – Nordenham oan de Wezer, 8 novimber 789) wie in Angelsaksyske misjonaris en biskop út de 8e iuw, dy't in soad Friezen bekeard hat ta it Kristlike leauwen. Yn syn tiid hie er in soad hâlden en kearen mei heidenske Friezen.

Sûnt 770 wie Willehad al dwaande de heidenen te bekearen yn de Fryske lannen. Oeral stifte er kristlike mienskippen en hy rjochte ek in skoalle op, dêr't bern fan Fryske eallju in kristlike oplieding krije koenen. Yn 775 teach Willehad oer de Lauwers nei eastlik Fryslân en it deroan grinzende Sakselân, dat krekt derfoar troch de Franken oermastere wie. De omstannichhedens wienen dreech en doe't de Friezen yn 782 yn opstân kamen moast er de flecht nimme nei Fryslân westlik fan de Lauwers. Willehad kaam letter werom en krige doe de soarch oer de eastlike Fryske goaen, Rjustringen, Wangerlân en Astergoa. Dy gebieten foarmen mei-inoar it bisdom Bremen, dêr't Willehad oant syn dea yn 787 lieding oan joech.

Tsjerken wijd oan Sint-Willehad[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • D. Kalma, Skiednis fan Fryslân, (Grou, 1965), side 78.