Liudger

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
byld fan de moeting tusken Liudger en Bernlef, Lochem, Gelderlân

Liudger (742-809), de apostel fan de Grinslanners, wie in de 8e ieu in misjonaris in it gebiet fan de Friezen en de Saksen. De tsjinwurdige provinsje Grinslân waard yn die tiid ek oantsjut as it gebiet fan de Friezen. Hy makke it wurk ôf wêrfan evangeeljeprekers as Willibrord en Bonifatius de grûnlizzers wienen.

Libben[bewurkje seksje | edit source]

Liudgers pake wie in Fryske ealman, dy't in de tiid fan kening Redbad de side fan de Franken keazen hie en nei Luik flechte wie. Der kaam hy in kontakt mei it kristendom en bekearde him ta dit leauwen. Syn soan troude mei in fromme kristen en út dit houlik waard Liudger berne. Liudger folge syn oplieding yn Utert en letter stjoerden syn âlden him nei York yn Ingelân. Yn dy tiid stie de ferneamdste skoalle fan Westlik-Jeropa ûnder lieding fan Ealwyn. Letter soe dizze gelearde persoan de hofskoalle fan Karel de Grutte ûnder syn hoede krije.

In 777, yn de âldens fan 43 jier, begûn Liudger syn apostelwurk yn Dimter. Fan derút breide hy syn wurk út nei it noarden, oant de fierste úthoeken fan de Fryske wrâld. Oan it ein fan eltse simmer sylde hy fan Starum út nei Utert om der ûnder de hjerstmoannen les te jaan oan de kleasterskoalle.

Syn foargongers, benammen Bonifatius, hienen net folle sukses boekt yn de noardlike kontreien. Liudger likernôch hie it grutte foardiel dat hy de Fryske lânstaal spruts. Neffens de oerlevering hat de genêzing fan de bline bard Bernlef, foar in grut part bydroegen oan syn sukses. Op ien fan syn reizen troch Grinslân kaam Liudger de bline bard tsjin yn Helwerd. Hy besocht Bernlef ta it kristendom te bekearen. Bernlef soe derby tsjin Liudger sein hawwe, "as jo God sa almachtich is, toan my dan in teken". Liudger lei dêrop syn hannen op de eagen fan Bernlef en spruts in gebed út. Hjirnei koe de bline wer sjen. Dizze genêzing soe dernei as in rinnend fjurke troch it lân fan de Friezen rûn gean.

Nei it delslein fan de opstân fan Unno en Eilrad yn Riustringen waard Liudger belêste mei it missywurk fan de eastlike Fryske gebieten en by de Saksen yn Meunsterlân. Yn 796 stifte Liudger yn Mimigernaford, (Meunster) in kanunniken kleaster oan de rivier de Roer. Om fan dit kleaster in sintrum fan beskaving en kennis te meitsjen, joech hy al syn besittingen oan it kleaster. Neitiid waard Liudger biskop fan Meunster. Liudger ferstoar yn de âldens fan 67 jier.

Boarne[bewurkje seksje | edit source]

Altfried, Vita Sancti Liudgeri

Literatuer[bewurkje seksje | edit source]

  • H. Halbertsma, Frieslands oudheid, Het rijk van de Friese koningen, Utert, 2000, s. 290–292 en 294.