Martinitoer

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De Martinitoer

De Martinitoer yn de stêd Grins is mei 97 m hichte de twadheechste toer fan Nederlân nei de Domtoer yn Utert. By de toer oan de Grote Markt heart ek noch de Martinitsjerke. De Stadjers neame de toer d' Olle Grieze.

[bewurkje seksje] Skiednis

De hjoeddeiske toer is yn de jierren 1469-1482 boud. Dêrfoar ha der op itselde plak twa oare tuorren stien. De earste toer wie 30 meter heech en waard yn de 13e ieu boud. Troch ynslach fan it wjerljocht yn 1408 rekke de toer slim skansearre en der moast in nije toer boud wurde. Dy wie yn 1464 klear en wie sa likernôch 45 meter heech. Yn 1468 waard dy ek troch it wjerljocht ferneatige. Yn 1822 krige de toer beskerming troch in ôflieder tsjin wjerljocht. Neist ynfloeden fan de natoer rekke de de toer ek skansearre troch minslike ynfloeden. Yn de Tachtichjierrige Kriich baarnde it houten boppestik fan de toer ôf. Fan de befrijing fan Grins hat de toer inkeld wat kûgels te fernearen hân.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Martinitoer fan Wikimedia Commons.
Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen