RON

Ut Wikipedy

Regionale Omrop Noard (RON)

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Op 16 maaie 1945 begûn oer it distribúsjekanaal mei útstjoerings foar de stêd Grins. Letter ek foar de provinsjes Fryslân, Grinslân en Drinte.
  • Op 30 septimber 1945 as ûnderdiel fan de Ryks Foarljochtings Tsjinst (RVD)
  • 15 novimber 1945 oant 19 jannewaris 1946 as “Herrijzend Nederlân”.
  • Oant 15 febrewaris 1946 ûnder de Stifting “Omrop Provinsjaal Kommissariaat (OPMC) , dêrnei ûnder de namme “Nederlânske Radio Uny’” Sûnt dy tiid hjit de stjoerder “Regionale Omrop Noard”

Technyk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De technyk waard fersoarge troch de NRU. Der waard útstjoerd fanút it Martinytsjerkhôf 23 yn Grins. Yn 1957 is de studio fernijd. Der waard doe útstjoerd fan 18 – 20 oere. Der waard útsjoerd oer it distribúsjenet fan de PTT, de AM-stjoerders Hoogezand en de FM-stjoerders fan Jirnsum (88,2 MHz) en Hoogezand.

Meiwurkers[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De earste haden fan de RON wiene Hans Huizinga (ein 1945) Sjoerd Leiker en sûnt 1 febrewaris 1952 Jo Smit.

Programma’s[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De programma’s wiene yn it earstoan algemien, mei in soad nijs. Dêr wie nei de oarloch ek ferlet fan. Dochs kaam it gewestlik-kulturele mear oan bod. Op 25 augustus 1945 waard foar it earst in Frysk programma útstjoerd.
De “Fryske útstjoering” hat in oere op tiisdeitejûn. Dêrnjonken binne der útstjoerings yn it Nederlânsk dy’t foar in part op Fryslân rjochte binne. It giet dan oer aktualiteiten, muzyk, lânbou, sport en literatuer (Literêr Kertier).
Der binne harkspullen, foarums, fraachpetearen, lieten, muzyk ensfh. Der waarden opdrachten jûn foar teksten en muzyk. It muzyklibben is stipelearre. Doel is in eigen harkspulkearn en eigen lytse ensembles (bg. De Toetsebûtsers). De ‘Fryske útstjoering' is it begjin fan in deisk Frysk radioprogramma.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]