Euroborg

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
It stadion fan binnen.

De Euroborg is it stadion fan FC Groningen (FC Grins) mei in kapasiteit fan 22.550 sitplakken. It stadion waard yn 2004-2005 boud en iepene yn 2006. De stuollen op de tribune binne yn de klupkleuren grien en wyt.

It stadion leit yn it súdeasten fan Grins, net fier fan de A7 nei Hoogezand ta. De tribunes binne ferdield oer twa ringen om it hiele fjild hinne. Yn it kompleks Euroborg is ek romte foar in bioskoop, in skoalle, in kasino, in supermerk, in sportskoalle, ferskate hoareka en buroromten.

W.K. fuotbal ûnder 21[bewurkje seksje | edit source]

Yn 2007 wie de Euroborg ien fan de fjouwer Nederlânske stadions dêr't it UEFA Wrâldkampioenskip fuotbal ûnder 21 holden waard. De finale fan dat toernoai tusken Nederlân en Servje waard ek yn de Euroborg spile.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]

Commons Commons: Euroborg – foto, fideo en harktriemmen