Iems

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Ferrin fan de Iems
Iems yn Meppen
De Iems in pear hûndert meter fan de boarne yn Schloß Holte-Stukenbrock

De Iems (ek wol Ems of Eems) is in rivier yn it noardwesten fan Dútslân troch East-Fryslân. De rivier rint troch de dielsteaten Noardryn-Westfalen en Nedersaksen. De rivier begjint yn de Senne en einiget oer de Dollard en de Waadsee yn 'e Noardsee. De Iems rivier hat in lingte fan 371 kilometer, dêr't 238 kilometer fan befarber binne. It Iems-Jadekanaal, dat by Emden begjint, ferbynt de Iems mei rivier de Jade. It Dortmund-Iemskanaal rint foar in grut part parallel by de Iems lâns.

Oer it waad tusken de eilannen Rottumereach en Boarkum wurdt de Westeriems neamd, oarekant Boarkum en it eilân Júst hjit Easteriems.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Skiednis

De Iems wie al bekend by ferskate skriuwers út de Aldheid: Plinius de Alde yn Natuerlike Histoarje (4.14), Tacitus yn de Annalen (Boek 1), Pomponius Mela (3.3) en Strabo en Ptolemeüs, Geografy (2.10). Ptolemeüs brûkte de namme Amisios potamos, yn it Latyn Amisius fluvius. Oaren brûkten deselde namme of Amisia, of Amasios. Dat it om ien en deselde stream giet is wis, want hja jouwe it altyd in plak tusken de Ryn en de Weser oan, en boppedat wie it de iennichste rivier dy't nei it Teutoburger Wâld late.

[bewurkje seksje] Steden en gemeenten oan de Iems

[bewurkje seksje] Wetterlossings op de Iems

[bewurkje seksje] Keppelings om utens

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen