Rottum (eilân)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Rottum wurdt meast oantsjut as in eilân mar is net ien eilân mar in eilannekloft. De kloft omfet twa eilannen, Rottumereach en Rottumerplaat, en ien plaat, de Suderdúntsjes besuden Rottumer Each. De Bosplaat, dy't earder besuden Rottumer Plaat lei, is no oan it eilân fêstgroeid. De eilannekloft leit yn it eastlik part fan de Waadsee yn Nederlân, en heart ta de Grinzer gemeente Iemsmûn.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Namme

De eilannen hjitte nei it doarp Rottum (Iemsmûn), om't it kleaster Sint Juliana yn dat doarp ea in grut part fan it Rottumer Each yn besit hie.

[bewurkje seksje] Beskerming

De eilannekloft jildt as natoermonumint. Se foarmje in gebiet dêr't de fûgels rêste en ite kinne.

Yn de sântiger en tachtiger jierren waard der in protte dien oan de beskerming en it behâld fan de eilannen. Sûnt 1991 jildt lykwols dat de eilannen gjin beskerming mear krije, útsein dat twa kear yn't jier it jolôffal himmele wurdt. Foar Rottumer Each waard earst noch in beheinde útsûndering makke, mar dat is sûnt 2002 ek ôfrûn. Oarspronklik waard oannaam dat de eilannen dan troch it wanneljen tsjin 2050 yn in de Eemsmûne ferdwine soenen. Fral Rottumereach wannelt yndie nei it easten, mar wat der krekt barre sil, en hoenear, is noch net wis.

Op elts fan de eilannen wurdt alle jierren fan 1 april oant 1 augustus troch twa fûgelwachters each op it eilân hâlden.

[bewurkje seksje] Buoreilannen

It folgjende eilân nei it westen ta is Skiermuontseach yn Fryslân; it folgjende eilân nei it easten ta is Boarkum yn East-Fryslân.

[bewurkje seksje] Keppeling om utens

 
Fryske eilannen
Waddeneilanden.PNG
German Bight.jpg

Westfryske eilannen:
Noarderheaks - Tessel - Flylân - de Richel - it Gryn - Skylge - Amelân - de Kalkman - Rif - Skiermûntseach - Simenssân - Rottumerplaat - Rottum (eilân) - Suderdúntsjes
Eastfryske eilannen:
Boarkum - Kachelotplate - Lütje Hörn - Memmert - Júst - Nordeneach - Baltrum - Langereach - Spikereach - Wangereach - Minsener Each - Mellum
Noardfryske eilannen:
Helgolân - Jongnammensân - Knyp - Japsân - Sudereachsân - Noardereachsân - Noardstrân - de Halligen - Pälweerm - Oomram - Feer - Uthörn - Söl - Koardesân - Jordsân - Romeach - Mandeach - Faaneach - Langli
Ferdwûn: Bant - Bosk - Buise

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels