Plinius de Alde

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje


Wiki letter w.svg
Dit artikel is in stobbe.
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta.


Plinius de Alde, 18e ieusk ôfbyld

Gaius Plinius Secundus maior (Komo, ± 23 nei Kr. - ûnder Stabiae, 24 augustus 79), mei de bynamme maior, d.i. de Aldere, om him ûnderskiede te kinnen fan syn neef Gaius Plinius Caecilius Secundus minor, wie in Romeinsk militêr, letterkundige en amateur-wittenskipper.

Hy wie in freon fan keizer Fespasianus. Hy wie de measte tiid dwaande mei stúdzje, skriuwen en it ûndersykjen fan natuerlike- en geografyske ferskynsels. Dit resultearre yn in ensyklopedy, Naturalis Historia, wat in foarbyld waard foar eltsenien dy't him letter oan in fergelykber wurk sette. Yn boek XVI beskriuwt er it lân sûnder beammen fan de Sjauken tusken de Noardsee en de wâlden, dêr't minsken op terpen wenje en ierde as branje brûke.

Plinius hat it befel oer mear as ien legers yn ferskate Romeinske provinsjes hân. Yn 47 wie der by doe't de Sjauken ferslein waarden, 50/51 fjochte er yn wat no Noardhessen is. Fierders begelate Plinius, de lettere keizers Fespasianus en Titus op har fjildtochten nei Germaanje.

[bewurkje seksje] Keppelings om utens

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen