Nedersaksen

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Nedersaksen
Flagge Wapen
Flagge fan Nedersaksen Wapen fan Nedersaksen
Lokaasje yn Dútslân
Nedersaksen
Basisgegevens
Haadstêd Hannover
Oerflakte 47.618,24 km²
Befolking 8.005.930 (4.) ((1 jannewaris 2006))
Befolkingstichtens 167,86 ynw./km²
Distrikten
Kaart fan de Kreise (distrikten) yn Nedersaksen

Nedersaksen (Dútsk: Niedersachsen) is in Dútske dielsteat, yn it noardwesten fan Dútslân. Nedersaksen hat likernôch 8 miljoen ynwenners, en hat in oerflak fan 47.600 km². De Eastfryske eilannen hearre ek by Nedersaksen.

Geografy[bewurkje seksje | edit source]

Nedersaksen grinzet oan de Noardsee, de dielsteaten Sleeswyk-Holstein, Hamburch, Meklenburch-Foarpommeren, Brandenburch, Saksen-Anhalt, Turingen, Hessen en Noardryn-Westfalen en oan Nederlân.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

It lân is neamd nei de eardere bewenners, de Saksen. Dy ha tegearre mei de Sjauken it lân bewenne oant de 1e ieu nei Kristus. Fan de earste ieu ôf ha de Saksen harren wengebiet oer it hjoeddeistige Nedersaksen útwreide en fier dêr bûten.

Nedersaksen is stifte nei de Twadde Wrâldkriich, yn 1946, nei't it in part fan 'e Britske besettingssône waard. It waard gearstald út Hannover, sûnt de oarloch wer in aparte Dútske steat, en de frijsteaten Aldenboarch, Braunschweig en Schaumburg-Lippe.

Nei in referindum waard yn 1993 it histoarysk ta Hannover rekkene Amt Neuhaus en in part fan de gemeente Garlitz fan Meklenburch-Foarpommeren ôfskieden en by Nedersaksen foege.

Fan 1978 ôf wie de dielsteat yndield yn fjouwer administrative regio's, Regierungsbezirke:

  • Braunschweig
  • Hannover
  • Lüneburg
  • Weser-Ems

Yn 2004 binne dy Regierungsbezirke lykwols wer ôfskaft.

Taal[bewurkje seksje | edit source]

Yn de dielsteat Nedersaksen binne it Sealterfrysk en it Dútsk de erkende talen. As wichtichste dialekten wurde yn Nedersaksen dialekten fan it Platdútsk praat, benammen it Eastfrysk Plat.

Yndieling[bewurkje seksje | edit source]

De haadstêd is Hannover. De steat is, dy haadstêdregio meiteld, opdield yn 38 distrikten en 8 stêden:

Distrikten:

  1. Aldenboarch
  2. Ammerland
  3. Auwerk
  4. Bentheim
  5. Celle
  6. Cuxhaven
  7. Diepholz
  8. Fryslân
  9. Gifhorn
  10. Goslar
  11. Göttingen
  12. Hameln-Pyrmont
  13. Hanover
  1. Harburg
  2. Helmstedt
  3. Hildesheim
  4. Holzminden
  5. Iemslân
  6. Kloppenboarch
  7. Leer
  8. Lüchow-Dannenberg
  9. Lüneburg
  10. Nienburg
  11. Northeim
  12. Osnabrück
  13. Osterholz
  1. Osterode
  2. Peine
  3. Rotenburg
  4. Schaumburg
  5. Soltau-Fallingbostel
  6. Stade
  7. Uelzen
  8. Vechta
  9. Verden
  10. Wesermarsch
  11. Wittmund
  12. Wolfenbüttel

Stêden:

Oare wichtige plakken binne Göttingen, Hildesheim en Goslar.

Minister-presidinten[bewurkje seksje | edit source]

It wapen[bewurkje seksje | edit source]

It Sachsenross

It wapen fan Nedersaksen is in wyt hynder mei in reade eftergrûn. Dit Sachsenross is in âld symboal fan 'e Saksen. De earste bekende ferzje is fan 1361, doe't de Welfen it brûkten as symboal fan harren bân mei Saksen, mar dêrút kin ôflaat wurde dat it as symboal foar de Saksen noch âlder west hawwe moat. It wie eartiids mear in regionaal symboal en wie oars foar de adel net wichtich. Sa waard it mear beskôge as in symboal foar it lân en syn minsken, ynstee fan in symboal foar de hearskjende famylje, de Welfen, dy't sels ornaris liuwen op harren wapens hienen. Sa kaam it wapen mei it Sachsenross ta in regionaal identiteitssymboal, dat hjoed de dei noch hieltyd populêr is ûnder de ynwenners fan Nedersaksen.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]

 
Nedersaksen
Flagge fan Nedersaksen
Landkreise

Aldenboarch - Ammerland - Auwerk - Bentheim - Celle - Cuxhaven - Diepholz - Fryslân - Gifhorn - Goslar - Göttingen - Hameln-Pyrmont - Hanover - Harburg - Helmstedt - Hildesheim - Holzminden - Iemslân - Kloppenboarch - Lier - Lüchow-Dannenberg - Lüneburg - Nienburg - Northeim - Osnabrück - Osterholz - Osterode - Peine - Rotenburg - Schaumburg - Soltau-Fallingbostel - Stade - Uelzen - Vechta - Verden - Wesermarsch - Wittmund - Wolfenbüttel

Kreisfreie Städte
Aldenboarch - Braunschweig - Delmenhorst - Emden - Osnabrück - Salzgitter - Wilhelmshaven - Wolfsburg

 
Dútslân
Flagge fan Dútslân
Baden-Wúrtemberch - Beieren - Berlyn - Brandenburch - Bremen - Hamburch - Hessen - Meklenburch-Foarpommeren - Nedersaksen - Noardryn-Westfalen - Rynlân-Palts - Saarlân - Saksen - Saksen-Anhalt - Sleeswyk-Holstein - Turingen