Meklenburch-Foarpommeren
| Flagge | Wapen |
|---|---|
| Lokaasje yn Dútslân | |
| Basisgegevens | |
| Haadstêd | Schwerin |
| Oerflakte | 23.170 km² |
| Befolking | 1.693.754(31-12-2006) |
| Befolkingstichtens | 77 ynw./km² |
| Distrikten | |
Meklenburch-Foarpommeren, Dútsk: Mecklenburg-Vorpommern, Nedersaksysk: Mekelnborg-Vörpommern) is in dielsteat yn it noardeasten fan Dútslân. Yn dizze dielsteat wenje net in protte minsken en hy heart ta de tinst befolke dielsteaten. De haadstêd is Schwerin mei yn it slot de Lândei fan de dielsteat. De grutste stêd is de havenstêd Rostock.
Ynhâld |
Geografy[bewurkje seksje]
Meklenburch-Foarpommeren wurdt yn it noarden begrinze troch de Eastsee, dêr't grutte eilannen lizze as Rugen en Usedom en in rige lytsere eilannen. De neistlizzende dielsteaten binne Sleeswyk-Holstein yn it westen, Nedersaksen yn it súdwesten en Brandenburch yn it suden. Yn it easten grinzet er oan Poalen (West-Pommeren). Yn it súdwesten foarmet de Elbe de grins fan de dielsteat en yn it easten de Oder. Grutte stêden binne njonken Rostock en Schwerin ek Stralsund, Greifswald, Wysmar en Neubrandenburch.
Bestjoerlike yndieling[bewurkje seksje]
Meklenburch-Foarpommeren is ûnderferdield yn tolve distrikten (Landkreise) en seis stêdsdistrikten (kreisfreie Städte).