Lândei
Lândei of Landtag is yn Dútslân, mar eartiids ek yn Fryslân, de beneaming fan standenkolleezjes yn de Midsieuske Dútske steaten (Länder) (dy't bytiden oant de tweintigste ieu bestean bleaunen). Dizze Lândagen bestienen meastentiids út fertsjintwurdigers fan geastlikheid (m.ú.f. fan protestantske Länder), de adel, de boerenstân en inkeldris fertsjintwurdigers fan de boargerij.
[bewurkje seksje] Ynsidintele lândei
Politike bewegingen brûke de namme "landdag" foar de grutte, somtiids dagen duorjende moetings dêr't manifestaasjes plak hawwe en stúdzje wurkgroepen gearkomme. Sa hold it VNV lândagen op de Kesterheide yn Kester en de NSB yn Loosduinen. By Appelskea wurdt alle jierren de Pinksterlândagen holden troch anargistyske jongerein.
[bewurkje seksje] Bestjoerlike lândei
Yn de tiid fan de Republyk hie Fryslân syn eigen lândei. De Fryske lândei wie de foarrinder fan Provinsjale Steaten. Yn it moderne Dútslân wurdt in dielsteatsparlemint mei de namme Landtag oantsjutten.
[bewurkje seksje] Sjoch ek
|
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta. |