Saarlân

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Saarlân
Flagge Wapen
Flagge fan it Saarlân Wapen fan it Saarlân
Lokaasje yn Dútslân
Saarlân
Basisgegevens
Haadstêd Saarbrücken
Oerflakte 2570 km²
Befolking 1.062.000 (2003)
Befolkingstichtens 420 ynw./km²
Distrikten
Distrikten fan it Saarlân

It Saarlân (histoarysk Saargebiet) is mei in oerflakte fan 2570 km² en 1,08 miljoen ynwenners ien fan de sechtjin dielsteaten (Bundesländer) yn Dútslân. De haadstêd is Saarbrücken.

Geschiedenis[bewurkje seksje | edit source]

It Saarlân bestiet sûnt 1920 troch de Frede fan Fersailles. It is ûntstien út parten fan de Prusyske Rynprovinsje en de Palts. Fyftjin jier stie it gebiet ûnder bestjoer fan it Folkebûn. Op 13 jannewaris 1935 waard der in referindum hâlden, dêr't út bliken die dat 90.3% fan alle stimmers oansluting woe by Dútslân. Troch de Nazys waard it gebiet de "Westmark" neamd.

Nei de Twadde Wrâldkriich kaam it Saarlân in skoftlang ûnder Frânsk bestjoer. Op 1 jannewaris 1957 sluet it wer oan by Dútslân.

Geografy[bewurkje seksje | edit source]

It Saarlân wurdt begrinze troch Frankryk yn it suden, Gruthartochdom Lúksemboarch yn it westen en Rynlân-Palts yn it noarden en easten.

De dielsteat is neamd nei de Saar, in rivier dy't fan it suden nei it noardwesten troch it gebiet streamt.

Bestjoerlike yndieling[bewurkje seksje | edit source]

It Saarlân is ûnderferdield yn seis distrikten (Kreise):

  1. Merzig-Wadern
  2. Neunkirchen
  3. Stêdsferbûn Saarbrücken (Stadtverband Saarbrücken)
  4. Saarlouis
  5. Saarpfalz-Kreis
  6. Sankt Wendel