Rynlân-Palts

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Rynlân-Palts
Flagge Wapen
Vlag van Rijnland-Palts Wappen von Rijnland-Palts
Lokaasje yn Dútslân
Rijnland-Palts
Basisgegevens
Haadstêd Mainz
Oerflakte 19.853,44 km²
Befolking 4.042.860 (31 desimber 2006)
Befolkingstichtens 205 ynw./km²
Distrikten
Districten van Rijnland-Palts

Rynlân-Palts (Dútsk: Rheinland-Pfalz) is ien fan de 16 Bundesländer (federale steaten) fan Dútslân. It is 19,846 km² grut en hat likernôch fjouwer miljoen ynwenners. De haadstêd is Mainz.

Geografy[bewurkje seksje | edit source]

De Rynlân-Palts grinzet oan Noardryn-Westfalen, Hessen, Baden-Wúrtemberch, Frankryk, Saarlân, Lúksemboarch en Belgje.

De Ryn rivier is in wichtich part fan it lânskip, it foarmet in natoerlike grins mei Baden-Wúrtemberch en Hessen en streamt fierder troch it noarden fan de Rynlân-Palts. Oan beide siden fan de Ryn binne geberchtes mei in protte histoaryske plakken.

Yn it noarden binne lofts fan de Ryn it Eifel en Hûnsrêch geberchte, en rjochts fan de Ryn leit it Westerwâld en Taunusberchte. It gloaiende lânskip mei syn boskgebiet yn it suden wurdt ek wol it Paltser Wâld neamd.

De twadde yn grutte is de wichtige rivier de Mosel. By de Mosel en benammen yn it súd-easten binne wynfjilden, de wynfjilden yn it súd-easten wurde meiïnoar ek wol de Dútske-wynstrjitte neamd.

Bestjoerlike yndieling[bewurkje seksje | edit source]

De Rynlân-Palts is skieden yn 24 distrikten, yn trije bestjoerlike regio´s (Regierungsbezirken): Koblenz, Trier en Rynhessen-Palts.

  1. Ahrweiler
  2. Altenkirchen
  3. Alzey-Worms
  4. Bad Dürkheim
  5. Bad Kreuznach
  6. Bernkastel-Wittlich
  7. Birkenfeld
  8. Cochem-Zell
  1. Donnersbergkreis
  2. Eifelkreis Bitburg-Prüm
  3. Germersheim
  4. Kaiserslautern
  5. Kusel
  6. Mainz-Bingen
  7. Mayen-Koblenz
  8. Neuwied
  1. Rhein-Hunsrück
  2. Rhein-Lahn
  3. Rhein-Pfalz-Kreis
  4. Südliche Weinstraße
  5. Südwestpfalz
  6. Trier-Saarburg
  7. Vulkaneifel
  8. Westerwaldkreis

Op de kaart stean 12 stêdekloften ôfbylde mei de neikommende ôfkoartings:

  1. Frankenthal (F)
  2. Kaiserslautern (Ka)
  3. Koblenz (Ko)
  4. Landau (La)
  5. Ludwigshafen (Rynlânpalts-Kreis) (L)
  6. Mainz (M)
  7. Neustadt (Weinstraße) (N)
  8. Pirmasens (P)
  9. Speyer (S)
  10. Trier (T)
  11. Worms (W)
  12. Zweibrücken (Z)

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]