Saksen (folk)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Thúsgebiet fan de Saksen tusken de Weser, Eider en Elbe.

De Saksen wienen in Germaansk folk út it noarden fan Jeropa, út it tsjintwurdige Dútslân en it eastlike diel fan it tsjintwurdige Nederlân.

Oan it begjin fan de 5e ieu stuts in part fan de Saksen it Kanaal oer en foel it tsjintwurdige Grut-Brittanje binnen, tegearre mei de Angelen, Friezen en de Juten. De Saksen dy't yn Dútslân efter bleaunen holden noch lang fêst oan har Germaanske godstsjinst, mar waarden troch de Franken, únder lieding fan Karel de Grutte, bekeard ta it Kristendom. Fangefolgen, waarden se opnimmen yn it Frankyske Ryk. In wichtich lieder fan de Saksen yn dy tiid wie Widukind. Yn de Midsieuwen waarden de Saksen in belangryk part fan it Hillige Roomske Ryk.

Yn Grinslân, Drinte, Oerisel, de Efterhoek en Noard-Dútslân binne de Nedersaksysk dialekten, dy't besibbe binne oan de taal fan de Saksen, noch altyd de wichtichste streektaal.

Germaanske folken
Cultures, 1200 BC.PNG
Allemannen · Ambroanen · Ampsivaren · Angelen · Angrivaarjers · Asdingen · Bajuwaren · Bataven · Boergonden · Bruktearen · Chasuarii · Dulgubnii · Fandalen · Fangionen · Fisigoaten · Fosy · Franken · Frisii · Gepiden · Goaten · Harii · Helisjers · Hermunduren · Herulen · Juten · Kananefaten · Kimbren · Kwaden · Lakringen · Langobarden · Lemovjers · Lugjers · Manimjers · Markomannen · Marobudui · Mattiakken · Naharvalen · Nemeten · Nervjers · Ostrogoaten · Rugjers · Saksen · Semnonen · Silingen · Sitones · Sjamaven · Sjatten · Sjauken · Sjerusken · Skiren · Sueben · Sugambren · Suiones · Tenktearen · Teutoanen · Toksandrjers · Treveary · Triboken · Tubanten · Tudry · Ubjers · Usipeten · Volcae · Warnen
feroarje