Warnen

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

De Warnen (of Varni) wienen in Germaanske stam, besibbe oan de Saksen, dy't oarspronklik op it Eastsee-eilân Öland libbe hawwe.

Tidens de Grutte Folkeferfarren loek it grutste part fan de Warnen al gauris sudlik nei de gebieten oan de útrin fan de Oder en dêrnei stadichoan fierder nei it tsjintwurdige Neder-Sileezje. Der wienen ek Warnen dy't harren fêstigen yn it hjoeddeiske Mecklenburch.

Lykswols binne der ek bewiizen dat in oar part fan de Warnen noch fierder nei it westen ta loek. Yn in brief fan Durk de Grutte út 507 kinne wy lêze dat de Warnen om dizze tiid hinne oan de mûning fan de Ryn wennen. Likernôch 540 skreau de Byzantynske skriuwer Prokopius dat Angelen út Brittanje en Warnen slach levere hawwe yn de delta fan de Ryn. Oare boarnen hawwe it oer in Warnysk Ryk op de noardouwer fan de Ryn oan de ein fan de 5e ieu. Dat ryk soe troch Franken of Friezen ferneatige wurde.

Yn de annalen fan de Frankyske Merovingen wurde healwei de 6e ieu twa persoanen fan de Warnenelite by namme neamd: kening Hermegis en syn soan Radegis, dy't efterelkoar de Frankyske prinses Teudegilde († foar 579), dochter fan kening Teuderik I trouden.

Yn de 9e ieu waarden der ek Warnen oan de Oder ûnderwurpen troch de Franken. Dêrnei ferdwine sy foar altiten út de skiednis. Mooglik binne dielen assimilearre mei de Slaven, wêrnei't sy harren de Varnabi neamden.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]

Germaanske folken
Cultures, 1200 BC.PNG
Allemannen · Ambroanen · Ampsivaren · Angelen · Angrivaarjers · Asdingen · Bajuwaren · Bataven · Boergonden · Brukteren · Chasuarii · Dulgubnii · Fandalen · Fangionen · Fisigoaten · Fosy · Franken · Frisii · Gepiden · Goaten · Harii · Helisjers · Hermunduren · Herulen · Juten · Kananefaten · Kimbren · Kwaden · Lakringen · Langobarden · Lemovjers · Lugjers · Manimjers · Markomannen · Marobudui · Mattiakken · Naharvalen · Nemeten · Nervjers · Ostrogoaten · Rugjers · Saksen · Semnonen · Silingen · Sitones · Sjamaven · Sjatten · Sjauken · Sjerusken · Skiren · Sueben · Sugambren · Suiones · Tenkteren · Teutoanen · Toksandrjers · Trevery · Triboken · Tubanten · Tudry · Ubjers · Usipeten · Volcae · Warnen
feroarje