Ampsivaren

Ut Wikipedy

De Ampsivaren (Latyn: Ampsivarii) wiene in Germaanske stam dy't yn de 1e iuw nei Kr. yn it noardlike streamgebiet fan de Iems (Dútslân) tahold. De namme betsjut fermoedlik soksawat as: 'bewenners by de Iems'.

Germaanske stammen om 50 hinne

Yn de Annales [1] ferhellet Tasitus oer de stam. Koart foar of yn 58 wienen de Ampsivarii, dy't laat waarden troch Boiokalus, út har stamlân ferdreaun troch de Sjauken. By it sykjen nei in nij festigingsgebiet oan de rjochter ouwer fan de Ryn moete Boiokalus op in stuit de heechste befelhawwer fan de Neder-Germaanske legioenen, Dubius Avitus. Hy fertelde de Romein yn dratyske wurden hoe't er persoanlik it slachtoffer west hie fan de striid fan Arminius tsjin de Romeinen (Boiokalus wie fanwege Arminius finzennommen). Fierder brocht er op it aljemint dat de Ampsivaren jierrenlang loyaal west wiene oan keizer Tiberius en fjildhear Germanikus. Uteinlik sei er noch dat er ferbjustere wie oer it feit dat it lân dêr't de Ampsivarii it each op falle litten hiene net bewenne wie en dêrom bêst harres wurde koe. Dêrnei like it as bidde Boiokalus yngeand om help fan de sinne en de himellichems.

Avitus wie bot ûnder de yndruk fan de taspraak, mar wegere Boiokalus om syn folk nei it bewuste lân te lieden. In ferbittere Boiokalus waard grimitich en organisearre in ferbûn tusken Ampsivarii, Brukteren en Tenkteren om de striid oan te gean tsjin Avitus. Mei de help fan de kommandant fan de legers yn Boppe-Germaanje, Kurtilius Mansius, slagge it Avitus lykwols mei in bytsje muoite om de Ampsivarii te isolearjen dat Boiokalus moast him fierder weromlûke yn Germania, dêr't sy lykwols as ynkringers beskôge waarden.

De Ampsivarii wurde foar it lêst neamd yn de Notitia Dignitatum út it earste fearnspart fan de 5e iuw.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Publius Cornelius Tacitus, Annales, boek XIII, haadstik 55 en 56. Sjoch www.thelatinlibrary.com
Germaanske folken feroarje
Allemannen · Ambroanen · Ampsivaren · Angelen · Angrivaarjers · Asdingen · Bajuwaren · Bataven · Boergonden · Bruktearen · Chasuarii · Dulgubnii · Fandalen · Fangionen · Fisigoaten · Fosy · Franken · Frisii · Gamaven . Gepiden · Goaten · Harii · Helisjers · Hermunduren · Herulen · Juten · Kananefaten · Kimbren · Kwaden · Lakringen · Langobarden · Lemovjers · Lugjers · Manimjers · Markomannen · Marobudui · Mattiakken · Naharvalen · Nemeten · Nervjers · Ostrogoaten · Rugjers · Saksen · Semnoanen · Silingen · Sitones · Sjamaven · Sjatten · Sjauken · Sjerusken · Skieren · Suëven · Sugambren · Suiones · Tenktearen · Teutoanen · Toksandrjers · Treveary · Triboken · Tubanten · Tudry · Ubjers · Usipeten · Volcae · Warnen