Neder-Germaanje

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De Romeinske provinsje Germania Inferior yn it jier 120

Neder-Germaanje (Latynsk: Germania Inferior) wie in Romeinske provinsje dy' oan de linkerside fan de Ryn lei. De provinsje omklamme it gebiet dat tsjintwurdich diel útmakket fan Sud-Nederlân en it westen fan Dutslân. De haadstêd wie Colonia Agrippinensis (ek folút Colonia Claudia Ara Agrippinensium), tsjintwurdich Keulen. Oare wichtige plakken wienen Bona (Bonn), Castra Vetera (Xanten), Noviomagus (Nymwegen) en Trajectum ad Rhenum (Utert).

De ynwenners fan it gebiet kamen foar it earst yn oanrekking mei de Romeinen tidens de Galyske oarloggen fan Julius Caesar. Yn 57 f. Kr. waard de regio beset troch de troepen fan Caesar en fanôf 50 f. Kr. waarden de earste Romeinske delsettings boud. It gebiet wie doe part fan de provinsje Belgica.

De namme Neder-Germaanje is ûntstean neidat keizer Domitianus yn it jier 90 de twa militêre gewesten lâns de Ryn ta folweardige provinsjes makke, te witten: Neder-Germaanje (mei as haadstêd Colonia Agrippina) en Boppe-Germaanje (mei as haadstêd Moguntiacum, tsjintwurdich Mainz). Tt taheaksel Neder ferwiist nei de lizzing fan de provinsje neffens dat fan it heger lizzende Opper-Germaanje.

De provinsje wie Romeinsk grinsgebiet en makke as sadanich diel út fan de limes. De provinsje hie in soad fersterke pleatsen en der wienen in protte soldaten oanwêzich.

De Romeinske oanwêzigens einigje yn 406.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]

Literatuer: Algemien[bewurkje seksje | edit source]

  • Tilmann Bechert, Römisches Germanien zwischen Rhein und Maas. Die Provinz Germania Inferior (1982 München)
  • Danny Lamarcq & Marc Rogge, De taalgrins (1996 Leuven)
  • Jona Lendering, De randen van de aarde. De Romeinen tussen Schelde en Eems (2000 Amsterdam)

Literatuer: Spesifyk[bewurkje seksje | edit source]

  • Tilmann Bechert & Willem Willems, Die römische Reichsgrenze zwischen Mosel und Nordseeküste (1995 Stuttgart)
  • Maureen Carroll, Romans, Celts & Germans. The German Provinces of Rome (2002 Stroud)
  • J.F. Drinkwater, The Gallic Empire (1987 Stuttgart)
  • Wim van Es, De Romeinen in Nederland (1981² Haarlim)
  • Stephan Fichtl, Les Gaulois du Nord de la Gaule (1994 Parys)
  • Thomas Fischer, Die Römer in Deutschland (1999 Darmstadt)
  • M. Gysseling, "Germanisering en taalgrens" in: Algemene geschiedenis der Nederlanden 1 (1981) 100-115
  • M.E. Mariën, Belgica Antica (1980 Antwerpen)
  • Nico Roymans, Romeinse frontierpolitiek en de etnogenese van de Bataven (1998 Amsterdam)
  • W. Schlüter, Kalkriese - Römer im Osnabrücker Land (1991 Bramsche)
  • Simon Wynia, "Caius was here. The Emperor Caius' Preparations for the Invasion of Britannia: New Evidence" in: H. Sarfatij, W.J.H. Verwers, P.J. Woltering (eds.), In Discussion with the Past. Archaeological studies presented to W.A. van Es (1999 Amersfoort).