Tenkteren

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

De Tenkteren (Latyn: Tencteri) wiene in Germaanske stam dy't yn de tiid fan Julius Caesar tegearre mei de Usipeten foar 55 f. Kr. út har gebiet ferdreaun waarden troch de Germaanske Sueven ûnder Ariovistus. Sy wykten út nei de rjochterouwer fan de Ryn benoarden it gebiet fan de Sjatten, yn it stamlân fan de Menaapjers, dy't sels útwykten nei de oarekand fan de Ryn. Yn 55 f. Kr. waarden de Tenkteren en Usipeten ferpletterjend ferslein troch it Romeinse leger ûnder Julius Caesar.

Germaanske folken om 50 hinne

Noardwestlik fan de Tenkteren libben oant yn de 1e ieu de Brukteren. Nei de ferneatiging fan de Brukteren waard har plak ynnaam troch de Chamaven, dy't sadwaande de buorlju fan de Tenkteren waardende.

Tasitus beskreau de Tenkteren as betûfte rúters. Om 17 f. Kr. hinne stieken se, mei de Sugambrjers en Usipeten, de Ryn oer. Se belegeren en fersloegen de Romeinske steedhâlder Markus Lollius, mar waarden letter yn in tsjinoffensyf troch Drusus oermastere.

De Germaanske stammen dy't it lân oan de Ryn bewennen, de Brukteren, Tenkteren, Sugambrjers, Usipeten, Chattuarii, Chamaven, en Ampsivaren, giene fan de 3e ieu ôf op yn it gruttere Frankyske stamferbân; in ûntjouwing dy't fuortkaam út it stribjen om mei alle mannemacht de Romeinen better oan te kinnen.

Germaanske folken
Cultures, 1200 BC.PNG
Allemannen · Ambroanen · Ampsivaren · Angelen · Angrivaarjers · Asdingen · Bajuwaren · Bataven · Boergonden · Brukteren · Chasuarii · Dulgubnii · Fandalen · Fangionen · Fisigoaten · Fosy · Franken · Frisii · Gepiden · Goaten · Harii · Helisjers · Hermunduren · Herulen · Juten · Kananefaten · Kimbren · Kwaden · Lakringen · Langobarden · Lemovjers · Lugjers · Manimjers · Markomannen · Marobudui · Mattiakken · Naharvalen · Nemeten · Nervjers · Ostrogoaten · Rugjers · Saksen · Semnonen · Silingen · Sitones · Sjamaven · Sjatten · Sjauken · Sjerusken · Skiren · Sueben · Sugambren · Suiones · Tenkteren · Teutoanen · Toksandrjers · Trevery · Triboken · Tubanten · Tudry · Ubjers · Usipeten · Volcae · Warnen
feroarje