Langobarden

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
It Langobardyske folkeferfarren.
Lombard state 526.png
Alboin's Italy.svg

De Langobarden (ek Lombarden of Longobarden) wienen in West-Germaansk folk dat ynearsten oan de igge fan de Elbe wenne. De Romeinske skiedkundige Tasitus neamde harren yn syn boek Germania, (98). Op 'e ein fan it Grutte Folkeferfarren yn de 6e ieu stiftsje sy yn Itaalje in keninkryk op de resten fan it Romeinske Ryk.

Migraasje nei it suden[bewurkje seksje | edit source]

It folkeferfarren fan de Langobarden barde yn etappes. Fan likernôch 200 ôf ferpleatse sy harren stadichoan fan de útrin fan de Elbe, omheech nei de hjoeddeiske Dútske dielsteat Saksen Anhalt. Om 350 hinne hienen de lêste Langobarden it oarspronklike wengebiet oan de mûning fan de Elbe ferlitten. Yn de perioade tusken 350 - 493 sakken sy fierder nei it suden ta en kamen yn de tsjintwurdige Dútske dielsteat Saksen en Bohemen. Sy waarden net ûnderwurpen troch de Hunnen en behâlden harren ûnôfhinklikheid. Yn dizze perioade bekearden de Langobaren har ta it Arianisme, in kristlik leauwen. Wy kenne ek in oantal haadlingen út dizze perioade: (Lethu, Hildehok, Godehok en Klaffo).

Yn 493 ferskynden de Langobarden yn it gebiet dêr't foarhinne de Rúgjers wenne hawwe, yn de Romeinske provinsje Noricum, tsjintwurdich Eastenryk. De Langobarden wienen no útwaakse ta in grut folk, foar 't neist hienen oare Germaanske stammen harren by dit folkeferfarren by de Langobarden oansluten (freedsum dan wol twongen). Yn Noricum rekken de Langobarden hieltyd deilis mei de Herulen, dy't dêr in keninkryk stifte hienen oan de Theiss en Mureş.

Yn de tocht fan de Langobarden nei it suden wie de stamstruktuer stadichoan feroare. De Langobarden waarden net langer laat troch in oantal haadlingen, mar waarden no regeard troch ien kening. De earste kening dy't wy kenne wie Tato. Dizze Langobardyske kening ferneatige it keninkryk fan de Herulen yn 510. Foar it grutste part foegen de oerwûne Herulen harren by de Langobarden. Tata waard opfolge troch Wacho en dizze fersloech de Sueben oan de Donau. Fanwege dizze oermasterings krige de Langobarden it westlik diel fan de foarhinne Romeinske Provinsje Pannonje yn besit. De Romeinen besochten by de Langobarden ta inoar te kommen en yn likernôch 540 waarden sy foederaty fan de Romeinen. As bûnsmaten fochten de Langobarden mei yn de oarloggen fan de Romeinen. Sy dienen mei oan de kriich tsjin de Ostrogoaten en fochten mei yn it easten tsjin de Perzen. Yn de tuskentiid krigen de Langobarden yn Pannoonje sels te krijen mei in ynfal troch de Avaren. Alboin, de opfolger fan Audoin, sleat in net-oanfalsferdrach mei de Avaren en smeide in grut Langobardysk leger, besteande út feteranen dy't tsjin de Goaten en Perzen fochten hienen. Yn 567 foelen de Langobarden en Avaren de Gepiden oan en ferneatigen harren keninkryk. De lêste kening fan de Gepiden, Kunimund waard fermoarde en Alboin twong syn dochter, Rosamunde ta in houlik.

Itaalje[bewurkje seksje | edit source]

Under druk fan de Avaren ferlieten yn 568 de Langobarden en Gepiden de Balkan, sy gongen oer de Alpen en foelen Itaalje yn. Alhoewol't sy der net yn slaggen om de ommuorre stêden yn te nimmen, koenen sy wol in grut part fan Noard- en Midden-Itaalje oermasterje. Sy stiften dêr in keninkryk mei de stêd Pavia as haadstêd. Dizze ûntjouwing soe in ein meitsje oan de politike ienheid fan Itaalje oant yn de 19e ieu. De macht fan de East-Romeinske keizer waard hjirtroch beheind ta it eksargaat fan Ravenna en inkele stêden oan de kust fan Súd-Itaalje. It soe 10 jier duorje foardat sy wer in nije kening kieze koenen nei de dea fan Alboin en syn opfolger Klef.

Om it jier 600 hinne stapten de Langobarden masaal oer nei it roomske leauwen; dêrfoar wienen sy benammen heidenen of Ariaanske Kristenen.

Yn 755 waard kening Aistulf, dy't de paus bedrige hie, ferslein troch it Frankyske leger fan Pippyn de Koarte ûnder lieding fan Chrodegang.

De lêste kening fan de Langobarden wie Desiderius, dy't regearde oant 774, doe't Karel de Grutte harren ryk oermastere en ek de titel "Kening fan Langobarden" oernaam. Dit wie ek de earste kear dat in Germaansk lieder de titel fan Kening fan in oar Germaansk folk oernaam. It Langobardyske folk waard stadichoan opnommen yn de Italo-Romeinske befolking fan Noard- en Midden-Itaalje dêr omhinne.

Boarne[bewurkje seksje | edit source]

  • Warnefrid, Historia Langobardorum, iere midsieuwske skriuwer.
Germaanske folken
Cultures, 1200 BC.PNG
Allemannen · Ambroanen · Ampsivaren · Angelen · Angrivaarjers · Asdingen · Bajuwaren · Bataven · Boergonden · Bruktearen · Chasuarii · Dulgubnii · Fandalen · Fangionen · Fisigoaten · Fosy · Franken · Frisii · Gepiden · Goaten · Harii · Helisjers · Hermunduren · Herulen · Juten · Kananefaten · Kimbren · Kwaden · Lakringen · Langobarden · Lemovjers · Lugjers · Manimjers · Markomannen · Marobudui · Mattiakken · Naharvalen · Nemeten · Nervjers · Ostrogoaten · Rugjers · Saksen · Semnonen · Silingen · Sitones · Sjamaven · Sjatten · Sjauken · Sjerusken · Skiren · Sueben · Sugambren · Suiones · Tenktearen · Teutoanen · Toksandrjers · Treveary · Triboken · Tubanten · Tudry · Ubjers · Usipeten · Volcae · Warnen
feroarje