Foederaty

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Foederaty (Latynsk: ferbûnen, meartal fan foederatus: ferbûne) is in term dy't tsjintwurdich foaral brûkt wurdt foar de Germaanske stammen dy't yn de earste ieuwen nei Kristus as foederati opkamen yn it Romeinske Ryk. It begryp sels is lykwols âlder dan dy tiid.

Under de Republyk[bewurkje seksje | edit source]

Yn de earste ieuwen foar Kristus beskikte Rome al oer in systeem wêrby't de ferskate stammen yn Itaalje opdield waarde yn "klassen", nei harren relaasje mei de Romeinen. De Latinen waarden as Romeinske bloedbruorren beskôge. Dêrnei kamen de Foederaty: sy hienen net it Romeinske boargerrjocht, mar wienen troch in wetlik ferdrach ferbûn mei Rome. De oare folken wiene bûnsmaten, Socii.

Om't dy yndieling in soad ûndúdlikens joech, waard de ûnderlinge ferbûnens fan Italjaanske folken, yn 90 foar Kristus, wetlik regele yn de Lex Julia. Alle steaten waard it Romeinske boargerrjocht oanbean. Dêrtroch koenen sy allegear tatrede ta de Romeinske Republyk, de res publica.

Sûnt de Keizertiid[bewurkje seksje | edit source]

Yn de earste ieuwen nei it begjin fan de jiertelling krige it begryp foederaty in rommere bestsjutting. Earst waarden troch de Romeinen guon stammen as foederaty oan harren bûn troch stipe mei jild of iten. Letter waard it foederaty hieltyd faker tastien harren yn it Romeinske Ryk te festigjen. Troch dy feitlike opname yn it Ryk krigen de foederaty ek in soartemint fan beskerming. Yn ruil dêrfoar betellen de foederaty belesting oan de Romeinen: sy leveren Rome helptroepen foar it leger. In protte bekende Germaanske oanfierders dy't letter yn opstân komme soene tsjin Rome, lykas Arminius, Julius Civilis en Alarik, makken opgong yn it Romeinse leger.

De foederaty waarden ynkertierd by grutgrûnbesitters dy't yn de grinsgebieten fan it Ryk wennen. Dat soe lang om let grutte gefolgen hawwe: grutgrûnbesitters dy't in soad jild hiene en nochal ûnôfhinklik fan Rome wienen, krigen troch de ynkertiering hieltyd mear muoite om harren belêsting oan Rome ôf te dragen. Dy ûntwikkeling late ta in belêstingherfoarming wêrby't de belêsting benammen lokaal organisearre waard. Dizze opdieling fan it Ryk yn lytsere belêstingdistrikten hat nei alle gedachten fan ynfloed west op de lettere territoriale opdieling fan it Romeinske Ryk.

Yn de tuskentiid waarden de Romeinen hieltyd ôfhinkliker fan de foederaty, dy't lykwols net altyd betroud wienen. De ûnder in soad geunstige betingsten nei Traasje yn it Ryk helle Fisigoaten kamen yn 395 yn opstân tsjin keizer Theodosius I.

Untwikkelings yn de 5e ieu[bewurkje seksje | edit source]

Doe't de Romeinske macht yn de 5e ieu fierder ôfnaam, stelden de foederaty yn it West-Romeinske Ryk harren hieltyd ûnôfhinkliker op. Opstannen fan foederaty kamen faker foar en om-ende-by 455 ûntstie der in situaasje dat der gjin belestingjild mear oan it sintraal gesach ôfdroegen waard. De lokale Romeinske autoriteiten waarden oan de kant skood en foederaty as de Fisigoaten en de Boergonden namen sels it heft yn hannen troch it stiftsjen fan ûnôfhinklike keninkriken.

Yn it leger gong it allyksa. Yn de rin fan de 5e ieu rekke de militêre sterkens fan it Romeinske leger sawat hielendal basearre op foederaty ienheden. Yn 451 koe Attila de Hun mei muoite ferslein wurde mei help fan foederaty, wêrûnder de Fisigoaten, Boergonden, Franken en Alanen. Lang om let wie ien stam fan foederaty, de Germaanske stam de Herulen, ferantwurdlik foar de ein fan it West-Romeinske Ryk. De lêste Romeinske keizer Romulus Augustulus waard ôfsetten troch de magister militum, oerbefelhawwer, fan de foederaty, de Herulenlieder Odoaker.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]