Traasje

Ut Wikipedy
Traasje yn Bulgarije, Grikelân en Jeropeesk Turkije

Traasje is in gebiet yn súdeast-Jeropa en leit yn it noardeasten fan Grikelân, it suden fan Bulgarije en Jeropeesk Turkije. It wurdt begrinzge troch de Swarte See, Egeyske See en de See fan Marmara.

Eartiids wie der in Trasysk ryk dat fan grut strategysk belang wie en in soad hearskers kend hat. Nei de delgong makke Traasje diel út fan ferskate riken û.o. fan it Romeinske ryk as provinsje.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It folk fan de Traasjers, fan Yndo-Jeropeesk komôf, libben yn ferskillende, elkoar meastentiids bestridende stammen; yn de Grykske en Romeinske tiid wienen hja bekend om harren kriichshaftige ynslach en om harren moaie muzyk en dichtkeunst. De Traasjers oefene ynfloed út op de Grykske maatskippij wat ûnder mear bliken docht út it oernimmen fan de Trasyske kriichsgod Ares troch de Griken; ek Orpheus soe ôfkomstich wêze út Traasje. De earste Grykske koloanjes yn it Trasyske kustgebiet, wêrûnder Byzantium en Apollonia, datearen fan sirka 6e iuw f.Kr. Likernôch 516 f.Kr. kaam it gebiet foar it grutste part ûnder it gesach fan de Perzyske keningen Darius en Kserkses I).

Ienige tiid bestie der in Trasyske ryk ûnder de Odrysen (4e iuw f.Kr.), dat lykwols sa. 350 f.Kr. troch Masedoanje oermastere waard. Troch de Romeinen waard it gebiet opsplite yn de provinsje Macedonia en it keninkryk Pergamum, dat letter ûnder keizer Klaudius ta de provinsje Thracia makke waard (46 n.Kr.); de Romeinen stiften dêr de stêden Sardica (Sofia) en Adrianopolis (Edirne).

Sûnt de 1e eeuw hat it gebiet te kampen mei Goatyske en Slavyske ynfallen. Nei it opdielen fan it Romeinske Ryk yn twa dielen makke it diel út fan it Byzantynske Ryk. De fersnippering fan it gebiet sette útein mei de oprjochting fan it Bulgaarse Ryk (7e iuw); yn 1453 wie it hiele gebiet stadich ûnder Turksk bewâld rekke (Ottomaanske Ryk. Yn de 19e en 20e iuw wie Traasje ûnder mear it toaniel fan de Russysk-Turkske Oarloggen (1828–1829, 1877–1878) en de Balkanoarloggen (1912–1913). Yn it Grykske diel hawwe sosjale en religieuze tsjinstellingen tusken Grykske en Turkske befolkingskloften faak laat ta twisten (ûnder mear by de ferkiezingen).

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It lânskip fan Traasje wurdt krektas Grikelân skaaimerke troch rotsige boaiem en bercheftige omkriten mei fruchtbere falleien yn de dalen. De grutste stêd yn it gebiet is Istanbûl, dat foar in part ek yn Anatoalje leit. De Bosporus skiedt Traasje ôf fan Azyatysk Turkije.