Darius I

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Ofbyld fan Darius op in faas

Darius I ek wol Darius de Grutte (sa. 550-486 f. Kr.) is in wichtige Perzyske kening fan de Achaemeniden-dynasty. Hy ûnderdrukte de opstannen yn Perzje, Babyloanje en de eastlike provinsjes, sintralisearre it bewâld en konsolidearre de ryksgrinzen. Hy ûndernaam twa, mislearre, ekspedysjes tsjin de Griken.

Boarnen[bewurkje seksje | edit source]

De wichtichste boarnen oer it libben fan Darius I binne syn eigen ynskripsjes, benammen de Behistunynskripsje, dêr't ferslach yn dien wurdt hoe't hy kening wurde koe en dêrnei in soad opstannen delsloech. Fierders wurdt oer him ferhelle troch de Grykske skriuwers Herodotus en Stesias, mar dêr't net dúdlik fan is op wêr't sy op basearre binne. Beynfloeding troch de Behistunynskripsje is foar Herodotus lykwols bewezen, mar de wize wêr't dat presys op barde is noch net helder.



Wiki letter w.svg
Dit artikel is in stobbe oer skiednis.
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta.