Herodotus

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Búste fan Herodotus

Herodotus (Gryksk: ῾Ηρόδοτος; sa. 485 f. Kr. - om-ende-by 425 f. Kr., Thurii), wie in Grykske skriuwer, dy't sjoen wurdt as de earste skiedskriuwer.

Libben[bewurkje seksje | edit source]

Herodotus kaam nei alle gedachten út in ûntwikkele húshâlding, hy hie in brede en djipgeande kennis fan alle literatuer út syn tiid. Op jonge leeftyd moast er fanwege persoanlike politike problemen ferhúzje, en gie er nei it Grykske eilân Samos. Yn de jierren dêrnei makke hy in rige stúdzjereizen troch de hiele doe bekende wrâld (ûnder oaren Grikelân sels, Lyts-Aazje, Boppe-Egypte, Noard-Afrika, parten fan it Heine Easten, it tsjintwurdige Oekraïne en de Krim, en parten fan West-Jeropa. Sa koe er in protte kennis garje en beskikte hy oer in foar dy tiid seldsume kennis fan de wrâld.

Sa om syn fjirtichste libbensjier hinne fêstige hy him yn Atene (445 f. Kr.) dêr't er yn it iepenbier lêzingen hâlde oer syn reizen. Hjirtroch waard er opnommen yn de rûnte fan foaroansteande intellektuelen om de steatsman Perikles hinne. Ek de trageedzjeskriuwer Sofokles makke diel út fan dizze groep.

Inkele jierren letter gie Herodus nei Thurii yn Magna Graecia, in Grykske koloanje yn Súd-Itaalje, dêr't er him foar fêst nei wenjen sette. Sûnt dy tiid makke hy noch in pear lytse reizen en makke syn libbenswurk ôf, de Historiën (oarspronklike titel Ἱστορίης ἀπόδεξις, wat safolle betsjut as Ferslach fan myn ûndersyk).

Herodus stoar yn Thurii en waard dêr ek begroeven.

Wurken[bewurkje seksje | edit source]

Herodotus is de earste skriuwer dy't wy kenne dy't oer skiednis skreau. Troch syn wichtige wurk Historiën, wurdt Herodotus sjoen as de heit fan de skiedskriuwers. Syn mânske bondeling fan boeken, dy't it midden hâldt tusken de ferhalen fan in reizger en it dúdlike besykjen fan in skiedkundige om in objektyf ferslach te dwaan fan de nijsgjirrichheden fan syn tiid. Yn de Historiën beskriuwt Herodus de Perzyske Oarloggen, mar makket ek in soad sydsprongen nei oare skiedkundige en geografyske ûnderwerpen. Foar Herodotus wienen der al wol de logografen, mei as ien fan de wichtigste Hekataeus, mar sy spitsten har benammen ta op beheindere saken as geografy en antropology. Herodotus hat in soad brûkt fan dizze skriuwers.

De Historiën binne it âldste grutte wurk fan Gryksk proaza dat bewarre bleaun is, en dêrmei ek fan de hiele Westerske literatuer. It fertoant noch d'udlike epyske skaaimerken: anekdoaten en novellen. It eigentlike ûnderwerp fan de Historiën is de gewelddiedige skiednis fan de konfrontaasje tusken East en West, tusken "barbaroi" en Griken, dy't har hichtepunt yn earsten berikte yn de Perzyske Oarloggen.