Kwaden

Ut Wikipedy

De Kwaden (of Latyn Quadi) wie in nomadyske Germaanske stam dy't yn de earste iuwen nei Kristus rôverstochten holden troch it tsjintwurdige Súd-Dútslân, West-Tsjechje en Eastenryk. Sy wienen in part fan it gruttere losse stamferbân fan de Sueben, dêr't ek de Markomannen ta hearden. Tegearre lutsen sy in ferwoastend spoar troch de Balkan.

Om 150 hinne slagget de Romeinske keizer Antoninus Pius dêryn de Kwaden oan him te binen troch in kening oer harren te beneamen dy't loyaal wie oan Rome. Lykwols soe dy loyaliteit net lang duorje. Yn 166 foel in alliânsje fan Kwaden, Markomannen en Sarmaten it Romeinske Ryk yn. Dizze kriich - dy't bekend stiet as de Markomannenoarloch - wie in tige serieuze bedriging foar Rome sadat keizer Markus Aurelius him nei it front ta sette om de legers oan te fieren.

De neikommende iuwen bleaune de Kwaden in oanhâldende boarne fan argewaasje foar de Romeinen en lutsen sy wol gauris de grinzen oer. Yn de rin fan 4e iuw wienen der faak gefjochten tusken de Romeinske legers en in ferbûn fan Kwaden, Sarmaten en Goaten. Yn 375 koe keizer Falentinianus I harren lykwols foar fêst ferslaan. In grut part fan de Kwaden gong doe op yn it folk fan de Fandalen en soe letter mei ferfarre nei Galysje op it Iberyske skiereilân. It oare part fan de Kwaden gong op yn it folk fan de Langobarden. Hjirmei kaam in ein oan de politike, militêre en kulturele ienheid fan de Kwaden.

Germaanske folken feroarje
Allemannen · Ambroanen · Ampsivaren · Angelen · Angrivaarjers · Asdingen · Bajuwaren · Bataven · Boergonden · Bruktearen · Chasuarii · Dulgubnii · Fandalen · Fangionen · Fisigoaten · Fosy · Franken · Frisii · Gamaven . Gepiden · Goaten · Harii · Helisjers · Hermunduren · Herulen · Juten · Kananefaten · Kimbren · Kwaden · Lakringen · Langobarden · Lemovjers · Lugjers · Manimjers · Markomannen · Marobudui · Mattiakken · Naharvalen · Nemeten · Nervjers · Ostrogoaten · Rugjers · Saksen · Semnoanen · Silingen · Sitones · Sjamaven · Sjatten · Sjauken · Sjerusken · Skieren · Suëven · Sugambren · Suiones · Tenktearen · Teutoanen · Toksandrjers · Treveary · Triboken · Tubanten · Tudry · Ubjers · Usipeten · Volcae · Warnen