Bataven

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Germaanske folken, 150 nei Kr.
Grêfstien fan Indus, Bataafske liifwacht fan Nearo

De Bataven (as Batavi of Batavieren) wiene in Westgermaanske stam dy't har ôfspjalte hie fan de Sjatten. Sy bewennen it Nederlânske part fan de Ryndelta dat de Romeinen Batavia neamden, fan twadde helte 1e ieu oant de 3e ieu. De stamnamme is faaks ôflaat fan batawjō ('goed eilân', fan it Germaanske bat- 'goed, bêst' en awjō 'eilân, lân by it wetter'); hy ferwiist nei de fruchtberens fan de krite dy't no de Betuwe is.

Sawol Gaius Julius Caesar as Tacitus en Gaius Suetonius Tranquillus fernije de stam.

De haadgod fan de Bataven wie Hercules Magusanus.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

De Bataven soenen ta de Sjatten heard hawwe, mar in groep spisse him nei in skeel ôf.[1] Dêrnei fêstigen sy har yn de Ryndelta, beëasten de Kananefaten. Om 12 f. Kr. hinne waarden sy troch de Romeinen ûnder Drusus oermastere en waarden dêrnei bûnsmaten fan it Romeinske Ryk en wienen sadwaande frijsteld fan belestingen.

It Romeinske leger hjitte yn de provinsje Exercitus Germaniae Inferioris ("striidkrêften fan Neder-Germaanje") op ynskripsjes ôfkoarte as EXGERINF. It bestie út oan fjouwer legioenen en Auxilia of helptroepen. Ut de Bataven en de Kananefaten tegearre wienen allegeduerigen 5000 oant 6500 mannen yn tsjinst. De Kananefaten leveren dêrfoar 24 nije rekruten, de Bataven 260 oan 280 it jier.[2]

De Bataven gouwen de ier-Romeinske tiid as elitetroepen. It wienen de iennigen dy't by steat wienen om mei wapens en al op it hynder swimmendewei de Ryn oer te stekken. Sy wienen belutsen by fjildtochten fan Germanikus tsjn de Marsen en Sjerusken,[3] it delslaan fan de opstân fan Boudicca[4] en dy fan Gaius Iulius Vindex.[5] Ek yn de reboelje fan it Fjouwerkeizerjier spilen hja in wichtige rol.[6]

Bataven tsjinnen yn de keizerlike lijfwachten te Rome. Dat wurdt net allinne troch Suetonius fernijd,[7] mar ek op grêfstiennen skreaun. Ferneamd is it grêf fan Indus, corpor custos (liifwacht) fan Nearo yn Rome.

Yn dy tiid waard in delsetting yn Nijmegen mei de namme Oppidum Batavorum boud, in Romeinsk bestjoerlik- en hannelssintrum. Benoarden de Waal, by Lent, Elst en Oosterhout binne in protte soaren fan bewenning fûn út de 3e ieu f.Kr. oant yn de Romeinske tiid. Nei alle wierskyn wienen dy bewenners Bataven. Spoaren fan bewenning yn dy tiid binne oeral yn de Betuwe fûn. Tink ek oan de Timpel fan Empel.

De Bataven ferslagge de Romeinen, skilderij fan Otto van Veen

Bataafske Opstân[bewurkje seksje | edit source]

Yn 69 n. Kr. late Julius Civilis de opstân fan de Bataven tsji de Romeinen. Mei help fan de Frisii en de Kananefaten behellen sy in protte oerwinnings. Der waard in hiele rige Romeinske forten oan de limes de Run bylâns yn in koart skoft tiis ferwoastge. Ek yn dy snuorje waard Oppidum Batavorum, by wat no Nymwegen is, troch de opstannelingen platbaarnd.[8] Yn it dêrnei leinen de kânsen oars. De reboelje einige yn 70 n. Kr. doe't de Bataven harren ferlies nimme moasten.

Ein[bewurkje seksje | edit source]

Begjin 5e ieu n. Kr. wurden de legerienheden fan de Bataven noch neamd yn de Notitia Dignitatum. De Bataven as folk wurdt lykwols foar foar it lêst oer sprutsen yn de 3e ieu. Fermoedlik binne sy yn it Grutte Folkeferfarren opgien yn stammen as de Franken en de Friezen, hoewol't ek wol tocht wurdt dat hja mei de Romeinen nei it suden lutsen binne. Har wengebiet kaam yn hannen fan de Salyske Franken.

Bataven yn it Romeinske leger[bewurkje seksje | edit source]

De Bataven wurde neamd yn histoaryske boarnen, mar ek yn de epigrafy. Yn Rome binne grêfstiennen fûn fan minsken dy't corporis custos (liifwacht) wienen, in protte Bataven wienen dêrûnder. Sy tsjinnen Nearo en Tiberius.

Njonken de liifwachten fan de keizers leveren de Bataven ek ruter-rezjyminten, alae of (alae) miliaria (in dûbele alae), dy't yn grêfskriften en tsjûgenissen fan honesta missio werom te finen binne op de Balkan, yn Súd-Dútslân (Raetia), Hongarije, Eastenryk en Frankryk.

Bekend binne ûnder oaren:

Ruterij[bewurkje seksje | edit source]

  • ala I Batavorum
  • I Batavorum miliaria.
  • VIIII Batav(orum) miliaria, ruterij. Komt ek ûnder de titel turma foar, mar oft it om deselde ienheid giet is net wis.

Ynfantery[bewurkje seksje | edit source]

  • cohors I Batavorum
  • cohors II Batavorum
  • cohors III Batavorum peditata
  • cohors IX Batavorum


Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Tacitus, De origine et situ germanorum, 29.
  2. Carol van Driel-Murray, Those who wait at home in Ulrich Brandl, Frauen und Romisches Militar - Ten papers from a round-table session presented at a conference in Xante, Dútslân 2005, ISBN 978-1407301983 p.83
  3. Tacitus, Annales, II, 11.
  4. Idem
  5. Tacitus, Agricola, 36.
  6. Tacitus, Historiae, I, 51.
  7. Seutonius, De vita caesarum, Caligula, 43
  8. Tacitus, Historiae.
Germaanske folken
Cultures, 1200 BC.PNG
Allemannen · Ambroanen · Ampsivaren · Angelen · Angrivaarjers · Asdingen · Bajuwaren · Bataven · Boergonden · Bruktearen · Chasuarii · Dulgubnii · Fandalen · Fangionen · Fisigoaten · Fosy · Franken · Frisii · Gepiden · Goaten · Harii · Helisjers · Hermunduren · Herulen · Juten · Kananefaten · Kimbren · Kwaden · Lakringen · Langobarden · Lemovjers · Lugjers · Manimjers · Markomannen · Marobudui · Mattiakken · Naharvalen · Nemeten · Nervjers · Ostrogoaten · Rugjers · Saksen · Semnonen · Silingen · Sitones · Sjamaven · Sjatten · Sjauken · Sjerusken · Skiren · Sueben · Sugambren · Suiones · Tenktearen · Teutoanen · Toksandrjers · Treveary · Triboken · Tubanten · Tudry · Ubjers · Usipeten · Volcae · Warnen
feroarje