Germaanske talen

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Germaanske talen
algemien
lokaasje fan oarsprong yn Noardwest- en
Midden-Jeropa en Skandinaavje
tal talen ±27
tal sprekkers >550 miljoen (2004)
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk
   ● Germaansk
subgroepen Eastgermaansk
Noardgermaansk
Westgermaansk

De Germaanske talen foarmje in taalfamylje, besteande út sa'n 27 libbene en teminsten 12 útstoarne talen, dy't allegear fuortkommen binne út it Proto-Germaansk. Se meitsje ûnderdiel út fan 'e gruttere Yndo-Jeropeeske taalfamylje, en wurde fan âlds sprutsen yn Noardwest- en Midden-Jeropa en Skandinaavje. Troch migraasje en kolonisaasje hawwe ferskate talen út dizze groep (benammen it Ingelsk en it Nederlânsk, en yn mindere mjitte it Dútsk) har nei oare dielen fan 'e wrâld ferspraat. De Germaanske talen binne ûnder te ferdielen yn trije subgroepen: de Westgermaanske talen, de Noardgermaanske talen en de útstoarne Eastgermaanske talen. Se wurde tsjintwurdich wrâldwiid as memmetaal sprutsen troch mear as 550 miljoen minsken. De grutste Germaanske talen binne it Ingelsk en it Dútsk.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

It Oergermaanske tiidrek[bewurkje seksje | edit source]

De oarspronklike taal dêr't alle Germaanske talen (en útslutend de Germaanske talen) op weromgeane, wie de saneamde Germaanske grûntaal, dy't ek wol it Proto-Germaansk neamd wurdt. Neffens de hjoeddeistige ynsichten fan 'e taalkunde kin dy taal opdield wurde yn twa stadia: it Oergermaansk, dat yn in iere perioade sprutsen waard, en it Miengermaansk, dêr't it Oergermaansk him letter ta ûntjoech. (It komt trouwens gauris foar, benammen yn stikken dy't net troch taalkundigen skreaun binne, dat der terminologysk gjin ûnderskie tusken dy beide tiidrekken makke wurdt, en dat it hiele Proto-Germaansk dan foar "Oergermaansk" trochgiet.)

De lokaasje fan 'e Germaanske taalfamylje yn Jeropa.

Mei't der út dy tiid gjin skriftlike boarnen oerlevere binne, is it tige dreech en sis persiis wannear't it Oergermaansk him út it Proto-Yndo-Jeropeesk ûnwikkele hat. Dúdlik is yn elts gefal wol dat dat fier foàr it begjin fan 'e Westerske jiertelling west hawwe moat, mooglik earne yn it twadde milennium f.Kr.

Der binne trije wichtige punten dêr't it Oergermaansk him op ûnderskiedt fan it Proto-Yndo-Jeropeesk. Yn it foarste plak wie der de saneamde Earste of Germaanske Klankferskowing (ta ûnderskie fan 'e Twadde of Heechdútske Klankferskowing), ek wol bekend as de Wet fan Grimm. Ferlykje yn dit ferbân bgl. it Latynske pater ("heit"), tu ("do"), decem ("tsien") en clepo ("ik stel"), dat de sitewaasje werjout sa't dy yn it Proto-Yndo-Jeropeesk wie, mei it Goatyske fadar, þu, taíhun en hlifa (mei deselde betsjutting). Ek ûntwikkele it Oergermaansk in sterke en in swakke foarm by yn prinsipe elts eigenskipswurd, wylst it Proto-Yndo-Jeropeesk dy net hie. En fierders ûntjoech it by in part fan 'e tiidwurden in mei in dintale suffiks (in efterheaksel mei in t of d) foarme swakke bûging om notiid en doetiid faninoar te ûnderskieden (dus bgl. "mean" – "meande" yn tsjinstelling ta âldere foarmen lykas "rin" – "rûn").

It Miengermaanske tiidrek[bewurkje seksje | edit source]

Men wit net krekt wannear't de oergong fan it Oergermaansk nei it Miengermaansk plakfûn hat, mar men nimt oan dat it yn 'e lêste ieuwen f.Kr. wie. Ek it Miengermaansk is net oerlevere – útsein as losse wurden of nammen. Dêrom wurdt it, krekt as it Oergermaansk, troch taalkundigen rekonstruëarre op grûn fan ûndersyk fan 'e ûnderskate Germaanske talen.

It wichtichste ferskil tusken it Oergermaansk en it Miengermaansk wie de klam (yn 'e taalkunde ornaris it wurdaksint neamd). It Oergermaansk hie noch de fan it Proto-Yndo-Jeropeesk meikrigen "frije klam", dy't wiksele neffens beskate regels, mar net in fêst plak yn in wurd hie; ferlykje bgl. it Grykske trȁpeza ("trep") en trapȅzion ("trepke"), dat de frije klam beholden hat. Yn it Miengermaansk wie dy frije klam feroare yn in fêste klam op it earste wurdlid, it saneamde inisjaalaksint, sa't bgl. te sjen is oan it Nederlânske blȁd, blȁden, blȁderen, blȁȁdje.

De fersprieding fan 'e ûnderskate Germaanske talen yn Jeropa.

Yn tsjinstelling ta de Oergermaanske perioade duorre it tiidrek fan it Miengermaansk relatyf koart, nammentlik oant likernôch de earste ieu nei Kristus, doe't de Eastgermanen weiteagen út harren stamlannen yn súdlik en eastlik Skandinaavje.

Oerlevering[bewurkje seksje | edit source]

De âldst bekende Germaanske ynskripsje is dy op 'e Helm fan Negau, mooglik út 'e twadde ieu f. Kr. De helm waard yn 1812 fûn by Negau, yn Eastenryk. Yn in noardlik Etruskysk skrift is dêrop skreaun: hargasti teiwa (oer de betsjutting dêrfan bestiet nochal wat ûnienichheid). Fierders binne oant de earste ieu nei Kristus allinne mar nammen en losse wurden oerlevere, en dat noch inkeld troch Romeinske skriuwers, lykas Tasitus en Julius Caesar.

Ut lettere tiid binne Germaanske ynskripsjes bewarre bleaun yn it runeskrift, in alfabetysk skrift dat ûntstien liket te wêzen yn 'e earste helte fan 'e earste ieu nei Kristus, mar dat fanôf de komst fan it kristendom ferfongen waard troch it Latynske alfabet. Lykwols, Germaanske talen hawwe ornaris mear klanken as it Latyn, dat de ûnderskate Germaanske talen hawwe oan it Latynske standertalfabet in ferskaat fan oare letters en diakrityske tekens tafoege: á, â, ä, å, æ, ð (de stimhawwende th), é, ê, í, î, ý, ó, ô, ö, ò, ø, þ (de stimleaze th), ú, ü.

Troch de fragmintaryske oerlevering is de fêststelling fan 'e ûnderlinge relaasje fan 'e trije Germaanske taalkloften foar in grut part in hypotetyske saak. Ek binne guon ier útstoarne Germaanske talen, lykas it Longobardysk, dreech te klassifisearjen by ien fan 'e taalkloften.

De earste langere Germaanske tekst dy't oerlevere is, is de Goatyske Bibeloersetting fan biskop Wulfila (of Ulfilas), út 'e fjirde ieu. De earste teksten yn it Aldingelsk en it Aldheechdútsk binne út 'e achtste ieu, wylst it Aldsaksysk fan 'e njoggende ieu ôf oerlevere is (útsein in doopbelidenis út 'e achtste ieu). De earste teksten yn it Aldyslânsk en it Aldnoarsk datearje út 'e tolfde ieu.

Untwikkeling fan 'e Germaanske taalkloften[bewurkje seksje | edit source]

Tradysjoneel waard foarhinne ûnder taalkundigen de teory oanhongen dat de earste spjalting yn it Germaansk dy tusken it Westgermaansk en it saneamde Goato-Noardsk (it Noard- en Eastgermaansk) wie. It fuorttsjen fan 'e Goaten en de oare Eastgermaanske folken út harren stamlannen yn súdlik Skandinaavje soe dan letter de spjalting tusken it Noard- en Eastgermaansk feroarsake hawwe. Tsjintwurdich wurdt it lykwols as in stik wierskynliker beskôge, dat der nei it fuorttsjen fan 'e Eastgermanen noch in hoart in Noard- en Westgermaanske ienheidstaal bestien hat, mooglik oant yn 'e fyfde ieu.

In skematyske werjefte fan 'e opbou fan 'e Germaanske taalfamylje.

Dy lêste teory wurdt ûnderboud troch de bekende runeynskripsje op 'e Gouden Hoarn B fan Gallehus, yn súdlik Jutlân, dy't datearret út 'e iere fyfde ieu. Op 'e hoarn stiet: "ek hlewagastiʀ holtijaʀ horna tawido" (de letter ʀ stiet dêrby foar de breikjende r). Dizze tekst soe betsjutte kinne: "Ik, Hlewagastiʀ, soan fan Holt, haw de hoarn makke" (ferlykje tawid(o) mei it Nederlânske (vol)tooid) of: "Ik, Hlewagastiʀ, soan fan Holt, haw de hoarn fersierd" (ferlykje tawid(o) mei it Nederlânske (ge)tooid). De foarmen dy't hjir brûkt binne, slute Noardgermaansk noch Westgermaansk út (al wiist de foarm fan 'e h-rune op it Noardgermaansk), mar Eastgermaansk kin it dúdlik net wêze. Yn it Goatysk fan dy tiid soe de tekst west hawwe: "ik hliugasts hulteis haúrn tawida".

Taalkloften en talen[bewurkje seksje | edit source]

Taalferliking[bewurkje seksje | edit source]

Ferlykje yn 'e ûndersteande tabel de telwurden fan ien oant en mei tsien yn 'e werjûne Germaanske talen.

taal 1 2 3 4 5 6 7 8 9 10
Ingelsk one two three four five six seven eight nine ten
Skotsk ane
yae
twa thrie fower five sax
sex
seiven aicht
aucht
nyne
neen
ten
Frysk ien twa trije fjouwer fiif seis sân acht njoggen tsien
Sealterfrysk aan twäi
twäin
twoo
träi fjauwer fieuw säks soogen oachte njugen tjoon
Noardfrysk (Mooring) iinj
ån
tou
tuu
trii
tra
fjouer fiiw seeks soowen oocht nüügen tiin
Nederdútsk (Westfaalsk) eein twei drai veier fief söss siewen acht niegen tein
Nederlânsk een twee drie vier vijf zes zeven acht negen tien
Afrikaansk een twee drie vier vyf ses sewe agt nege tien
Sieusk èène twèèë drieë viere vuve zesse zeuvene achte negene tiene
Limboarchsk een tweej drai vier vaif zees zeeve aach neuge téin
Lúksemboarchsk een zwéi dräi fier fönnef sechs siwwe aachte néng zéng
Dútsk eins zwei drei vier fünf sechs sieben acht neun zehn
Jiddysk eyns tsvey dray fir finf zeks ziêben akht nayn tsen
Pennsylvaansk (Amish) eens zwee drei viere fimfe sexe siwwe achte neine zehe
Switserdútsk (Bernsk) öins zwöi dröi vier füüf ssechs ssiem åcht nün zäh
Sweedsk en två tre fyra fem sex sju åtta nio tio
Elfdelstersk ien tuer trair fiuorer fem sjäks sju åtta niu tiu
Deensk en to tre fire fem seks syv otte ni ti
Skânsk ein tvåo tre fira fem säx
säjs
sjuu
sjüü
åta nie tie
Noarsk (Bokmål) en to tre fire fem seks syv åtte ni ti
Noarsk (Nynorsk) ein tvo tri fjore fem sex sjau
sju
åtte nie
nio
tie
tio
Jamtsk ein tvó trí fýr'
fýre
fæmm sæks sjú átt'
átte
ní'
níe
tí'
tíe
Fêreusk ein tveir tríggir fýra fimm seks sjey átta níggju tíggju
Yslânsk einn tveir þrír fjórir fimm sex sjö átta níu tíu
Goatysk ains twai þreis fidwor fimf saíhs sibun ahtau niun taíhun

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Crystal, David, The Penguin Dictionary of Language (Second Edition), Londen, 1999 (Penguin), ISBN 0 14 05 14 163.
  • ――, Grote Winkler-Prins Encyclopedie, Amsterdam/Antwerpen, 1979-1994.
  • Hofstra, T., Oudnoors I, Grins, 1996.
  • Jung, Ernst F., De Germanen, Baarn, 1993 (Tirion), ISBN 9 05 12 14 405.
  • Nieuwenhuijsen, P.M., Het Verschijnsel Taal, Bussum, 1995 (Coutinho), ISBN 9 06 28 39 894.

Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: Footnotes, Notes en References, op dizze side.