Salyske Franken

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De Frankyske wengebieten 400 - 440

Salyske Franken (of Saaljers) foarmen tegearre mei de Tubanten (wenjend yn it hjoeddeiske Münsterlân en mooglik Twinte) en de Chamaven (wenjend yn de hjoeddeiske Achterhoek) it stamferbân fan de Franken. Harren namme libbet fierder yn de namme Sallân.

Yn de 4e ieu waarden de Saaljers troch de Romeinen as in aparte groeppearing beskogge binnenyn it Frankyske folk. Yn 358 festige sy harren mei tastemming fan Julianus Apostata yn it hjoeddeiske Belgje. Sy kamen út it noarden, fermoedlik út 'e omkriten fan de Isel, dêrfandinne de namme "Isala" (Isel). Wierskynlik komt it wurd ek fan "sala", de namme fan harren hofstêden, harren hiem.

De Salyske Franken hienen in skoftlang goede ferhâldens mei oare Frankyske stammen (û.o. mei de Ripuaryske Franken), mar dat bleau net sa. De Salyske kening Klovis dulde gjin oare Frankyske foarsten en begûn sy allegeare ien foar ien út te skeakeljen. Oan it begjin fan de 6e ieu hie hy alle Frankyske stammen ferienige en wie hy allinnichhearsker wurden. Hy waard dêrmei stifter fan it Frankyske Ryk.

Literatuer[bewurkje seksje | edit source]

  • James, E. (1990): De Franken (oerset út it Ingelsk: The Franks), 278 siden, útjouwerij Ambo/Anthos - Baarn, ISBN 90-263-1044-7
  • Blok, D.P. (1979): De Franken in Nederland, ISBN 9022837394
  • Geary, P.J. (1988): Before France and Germany. The creation & transformation of the Merovingian World, New York, ISBN 0-19-504458-4
  • Geary, P.J. (2002): The myth of nations. The Medieval origins of Europe, Princeton, ISBN 0-691-11481-1