Chamaven

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Germaanske folken 2e ieu

De Chamaven wie in Germaansk folk; se wurde letter ta it stamferbân fan de Franken rekkene. It gebiet dat sy bewenne hawwe lei oan de rjochter kânt fan de Ryn, bewesten dat fan de Friezen, wat tsjinwurdich de Efterhoeke en it distrikt Greefskip Bentheim yn Nedersaksen is. Harren namme libbet fierder in de krite fan Hamalân, tusken de Neder-Ryn en de Isel.

De Romeinske Peutinger-kaart hat benoarden de Ryn in ynskrift: Hamavi que et Franci; dat betsjut 'de Chamaven dy't ek Franken neamd wurde'.

Neffens Tacitus wenje se westlik fan de Friezen,[1] yn it gebiet dat letter Hamalân kaam te hjitten. De Bructeren, in oar Frankysk folk dy't dêr earder wenne hawwe, binne troch de Chamaven wierskynlik nei it suden ta ferdreaun. Hamalân is it lân fan de Hamaven. It leit yn it tsjinwurdige Oerisel. Wierskynlik kamen de Chamaven út it noarden (de measte Germaanske stammen gongen fan noard nei sud). Se hawwe sadwaande de stêden Hamm en Hamburch efterlitten.

De Chamaven wurde yn de Notitia Dignitatum fernijd as in Romeinske legerienheid.

Fuotnoat[bewurkje seksje | edit source]

  1. Publius Cornelius Tacitus, De origine et situ Germanorum, Boek 34.
Germaanske folken
Cultures, 1200 BC.PNG
Allemannen · Ambroanen · Ampsivaren · Angelen · Angrivaarjers · Asdingen · Bajuwaren · Bataven · Boergonden · Bruktearen · Chasuarii · Dulgubnii · Fandalen · Fangionen · Fisigoaten · Fosy · Franken · Frisii · Gepiden · Goaten · Harii · Helisjers · Hermunduren · Herulen · Juten · Kananefaten · Kimbren · Kwaden · Lakringen · Langobarden · Lemovjers · Lugjers · Manimjers · Markomannen · Marobudui · Mattiakken · Naharvalen · Nemeten · Nervjers · Ostrogoaten · Rugjers · Saksen · Semnonen · Silingen · Sitones · Sjamaven · Sjatten · Sjauken · Sjerusken · Skiren · Sueben · Sugambren · Suiones · Tenktearen · Teutoanen · Toksandrjers · Treveary · Triboken · Tubanten · Tudry · Ubjers · Usipeten · Volcae · Warnen
feroarje