Sueven

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

De Sueben of Sueven (Latynsk: Suebi) wie in West-Germaansk folk dat sawat oan it begjin fan de jiertelling by de Eastsee (Mare Suebicum yn it Latyn) wenne hat. Neffens guon is de namme foar Sweden fan dy namme ôflaat en is it oannimlik dat it stamferbân út ferskeidene stammen bestie, dêrûnder de Kwaden, de Markomannen, de Allemannen, de Hermunduren, de Langobarden en de Semnoanen. Yn de 5e ieu en 6e ieu hienen sy in keninkryk yn Spanje.

It kearnryk fan de Sueven: Galysje and Lusitaanje.
Suebysk keninkryk ûnder Rechiar

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

De Sueben emigrearren nei it tsjintwurdige Dútslân en bleaunen dêr earst yn it noarden by de Elbe. Al gau lutsen sy nei it suden ta. Neffens de Romeinske skiedkundige Tasitus dienen de Semnoanen en Langobarden mei oan de striid fan Ariovistus tsjin Julius Caesar yn (58 f. Kr.).

Yn de 4e ieu waarden de Sueben troch de Hunnen ferdreaun en foelen sy yn 406, nei it beheljen fan de oerwinning yn de Slach by Mainz, it Romeinske Ryk binnen. Tegearre mei de Fandalen lutsen sy troch Galje hinne, rjochting Spanje en kamen dêr oan yn 409. Under lieding fan kening Hermerik († 438) stiften sy in eigen ryk yn de Romeinske provinsje Gallaecia, tsjintwurdich de Spaanske regio Galysje. Dêr gongen de Sueben foar in grut part oer op it Arianisme, in kristlik leauwen.

Under kening Rechila (438-448) koenen de Sueben harren ryk útwreidzje mei Baetica en Sevilla. Sy fersloegen dêrby de lêste Romeinske legers en doe't de Fandalen nei Afrika ta lutsen, wienen sy in skoft oermachtich. Dat hichtepunt duorre mar koart, want de opfolger fan Rechila, syn soan Rechiar, waard yn 456 ferslein troch de Fisigoaten ûnder lieding fan Diderik II yn de Slach oan de Urbikus. Dêrnei waarden de Sueben in skoft bestjoerd troch harren oerwinners.

Al gau slagge it de Sueben harren ûnôfhinklikheid werom te krijen. Sy waarden wer troch eigen keningen bestjoerd mar moasten wol in grut part fan Spanje ôfstean oan de Fisigoaten. Se bleaunen ûnder Fisigoatyske ynfloed stean. Yn 465 gongen de Sueben allegear oer nei it roomske leauwen.

De dea fan Rechiar soarge foar in splitsing fan it Suebyske folk. Aioulf (456-457) en Framta (457-458) ferdielden it ryk ûnderling; mar wol as fazallen fan de Fisigoaten. Under Maldras wienen de Sueben wer koart feriene, dêr't op 'e nij in splitsing op folge tusken Richimund (459-463), Frumar (459-463) en Remismund (459-469). Dy lêste soarge der wer foar dat de feriening yn 463 foarfêst wie. De skiednis oer de perioade tusken 468 oant 560 is hielendal ûnbekend. Lang om let waard yn 585 it ryk fan de Sueben foar altyd ferslein troch de Fisigoaten ûnder lieding fan Leovigild. It Suebyske folk bleau net as ôfsûnderlik folk bestean, sy soenen harren minge mei de Histo-Romeinske befolking fan Spanje en út de skiednis ferdwine.

Literatuer[bewurkje seksje | edit source]

  • Ferdinand Lot, De Germaansche invasies. De versmelting van de Barbaarsche en Romeinsche wereld, Den Haach, 1939, s. 213.
Germaanske folken
Cultures, 1200 BC.PNG
Allemannen · Ambroanen · Ampsivaren · Angelen · Angrivaarjers · Asdingen · Bajuwaren · Bataven · Boergonden · Brukteren · Chasuarii · Dulgubnii · Fandalen · Fangionen · Fisigoaten · Fosy · Franken · Frisii · Gepiden · Goaten · Harii · Helisjers · Hermunduren · Herulen · Juten · Kananefaten · Kimbren · Kwaden · Lakringen · Langobarden · Lemovjers · Lugjers · Manimjers · Markomannen · Marobudui · Mattiakken · Naharvalen · Nemeten · Nervjers · Ostrogoaten · Rugjers · Saksen · Semnonen · Silingen · Sitones · Sjamaven · Sjatten · Sjauken · Sjerusken · Skiren · Sueben · Sugambren · Suiones · Tenkteren · Teutoanen · Toksandrjers · Trevery · Triboken · Tubanten · Tudry · Ubjers · Usipeten · Volcae · Warnen
feroarje