Leovigild

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Stânbyld yn Madrid (fan Felipe del Corral, 1750-53)

Leovigild, Liuvigild, Leuvigild of Leogild (om 525 - Toledo, 21 april 586) wie fan 569 oant syn dea kening fan it Fisigoatyske keninkryk, dat yn dy tiid it grutste part fan it Spanje fan no besloech.

Nei in skoft fan anargy nei de dea fan kening Atanagild, waarden Leovigild en syn broer Liuva I beneamd ta keningen fan de Fisigoaten. Atanagild wie in broer fan Leovigild en ek fan Liuva. Beide nije keningen wienen ariaanske kristenen, oars as harren measte katolike ûnderdienigen. Liuva hearske yn de lannen benoarden de Pyreneeën, wylst Leovigild yn Hispania foar master opsloech. Nei de dea fan Liuva yn 572 hie Leovigild it allinnich foar it sizzen.

Leovigild troude twaris: earst mei Teodosia; sy krigen twa soannen, Hermenegild en Rekkared. Nei't syn earste frou weirekke wie boaske er oan Atanagild syn widdo Goiswinta.

Hy waard opfolge troch syn twadde soan Rekkared, dy't yn 589 roomsk-katolyk waard; dêrtroch waard de ienheid tusken masters en ûnderdienigen grutter.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]