Widukind

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Widukind op it titelblêd fan de Topographia Saxoniae Inferioris.

Widukind of Wittekind (743 - 807) wie lieder fan de Saksen en de earste hartoch fan de Saksen dy't wy by namme kenne. Oarspronklik keazen de Saksen harren hartoggen allinnich as legeroanfierder (de letterlike betsjutting fan it wurd) dy't yn fredestiid wer ôftreedzje moast. Trochdat de Saksen yn syn tiid permanint strieden tsjin de Frankyske oerweldigers hold er dy funksje tsjientallen jierren, wêrtroch de Saksen it wend rekken om in lieder te hawwen. Dêrtroch koe Widukind ek de ynfloed fan syn famylje fergrutsje, dy't letter yn ferskate Saksyske dynastyen in rol spile, lykas de Ottoanen, Welfen, Ascanjers en Billungen.

Tsjinstanner fan Karel de Grutte[bewurkje seksje | edit source]

Widukind wie de liedende krêft yn de Saksyske striid om harren ûnôfhinklikens en leauwen, it heidendom, te behâlden. Neidat Karel de Grutte yn 777 de Saksen ferslein hie, socht Widukind syn taflecht by de Denen. Yn 778 gong Karel nei Spanje ta en Widukind kaam werom en foel plonderjend it Rynlân yn dêr't er in tal stêden ynnaam. Tusken 779 en 781 wie der in bruorrestriid, omt in part fan de Saksyske eallju oan de kant fan de Franken stienen. De oergong nei it Frankyske rjocht die de Saksyske adel fertuten omdat de Saksyske frije boeren neffens Frankysk rjocht liifeigenen waarden.

Opstân fan de Friezen[bewurkje seksje | edit source]

Yn 782 socht Widukind op 'e nij syn taflecht by de Denen, mar kaam datselde jier werom en organisearre in nije opstân. Dy opstân sloech ek oer nei de Friezen en de Wenden. De Saksen ferneatigen it Frankyske leger en makken twa hege Frankyske funksjonarissen dea. Karel sette in fjildtocht op poaten en mei in mânsk leger luts er tsjin de Saksen op. By Verden waard Widukind ferslein en 4.500 Saksen waarden deportearre. De Saksen wienen lykwols noch net ferslein troch Karel, want hja koenen in oar Frankysk leger ferslaan yn de slach by Grotenburch. Yn 784 krige Widukind help fan de Friezen dy't him in leger stjoerden.

Fredesferdrach[bewurkje seksje | edit source]

Lang om let sletten Karel en Widukind yn 785 frede. Karel wist Widukind oer te heljen him ta it Kristendom te bekearen en mei Kryst 785 waard Widukind doopt mei Karel as peetheit. Ta eare dêrfan hâlde de paus in feestmiel.

Fermoedlik is Widukind ferstoarn yn 807 by in slach tsjin de Swaben. Hy soe begroeven wêze yn Enger yn Herford (yn it tsjintwurdige Noard-Rynlân-Westfalen) mar de monumintale tombe dêr is net 9e-ieusk, sadat it lichem dat dêr leit nei gedachten fan in oar is.

Hillige[bewurkje seksje | edit source]

It wapen fan Noard-Rynlân-Westfalen

Widukind kaam letter yn leginden as in hillige en bouwer fan in protte tsjerken. Foar syn doop soe hy op in swart hynder riden hawwe en dêrnei op in witen-ien. It swarte hynder is ôfbylde op it wapen fan Herford en it wite hynder op de flaggen fan Noard-Rynlân-Westfalen, Nedersaksen en Twinte.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Gerlof Verwey - Geschiedenis van Nederland, Amsterdam, 1995, s. 77.
  • J.H. Brouwer en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Widukind.