Sorben

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Wenden)
Yn it reade gebiet wenje de Sorben
Sorbysk gebiet tichteby helle

De Sorben binne in Slavyske minderheid (likernôch 20.000 minsken kinne noch Sorbysk prate; 60.000 fiele harren Sorben) yn it easten fan Dútslân yn de dielsteaten Saksen en Brandenburch. Hja libje yn in gebiet dat sa'n 80 kilometer súd-eastlik fan Berlyn leit. Hja prate in Slavyske taal, it Sorbysk, dat twa farianten hat: it Heechsorbysk en it Leechsorbysk. De Sorbyske taal hat likernôch 50.000 sprekkers. Dy binne allegear twatalich: Sorbysk en Dútsk.

De Sorben binne de neisieten fan Slavyske folken dy't in iuwmannich lyn yn it gebiet twisken de Elbe en Oder wenne ha. De Slavyske Sorben, dy't meiïnoar middenmank in Germaanske taal (Dútsk) libje, binne besibbe oan de ynwenners fan Poalen en Tsjechje.

De Sorben waarden ek eartiids, lykas alle oare Slavyske folken, Wenden neamd. Yn tekstboeken oer de Midsiuwen sjocht men dy namme werom as Wendyske stêden. Dat binne dan dy stêden fan de Hânze dy't by de Eastsee lâns lizze. De namme Wenden wurdt hjoed de dei as misledigjend beskôge.

Ferneamde Sorben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]