Hartoch

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje


Wiki letter w.svg
Dit artikel is in stobbe oer skiednis.
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta.


In Hartoch (meartal: Hartoggen) wie oarspronklik by de Germanen in haadling (fan heir, Aldgermaansk harja = 'leger' + tugan = 'lûke', 'tôgje'[1]) dy yn tiden fan oarloch as oanfierder keazen waard.

In keazen hartoch wie mar tydlik yn funksje, nei it stopjen fan de fijannigens hâlde it wer op.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Yn it tiidrek fan it Grutte Folkeferfarren doe't de Germaanske folken yn it Romeinske ryk grutte riken stifte hienen, krige de beneaming stadichoan deselde betsjutting as fan dux (Latyn). Under de Karolingers wie de titel ek yn gebrûk. In hartoch wie yn dy tiid in militêr bestjoerder dy't as taak hie de ferdigening en feilichheid foar in bepaald gebiet te fersoarjen. Stadichoan waarden dat territoriale hartochdommen dy't yn ambtslien (beneficium) oan de titeldragers jûn waard.

Fuotnoat:

  1. Encarta - Encyclopedie (1993-2002) s.v. hertog. Microsoft Corporation/Het Spectrum