Eider (rivier)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Rin fan de Eider en Treene
Haven by it Eidersperrwerk
De Eider by Wollersum
De Eider mei leechwetter

De Eider (Dútsk: Eider; Deensk: Ejderen; Latyn: Egdor of Egdore) is mei 188 km de langste rivier fan de Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein. De Treene út it noarden wei, is in grutte sydrivier fan de Eider.

De rivier ûntspringt besuden fan Kiel tichtby de Eastsee, mar floeit nei it westen, om yn de Waadsee út te kommen. Tusken de Flemhuder See en Rendsburg is de rivier brûkt as ûnderdiel fan it Noard-Eastseekanaal. Yn Rendsburg ûntspringt de Eider eins opnij, en folget no in sterk meanderjend trajekt rjochting it westen en noarden. Fan de slûs by Nordfeld ôf is de Eider in tijrivier. krekt foar Tönning ferbredet de rivier ta in estuarium, dat as ienige yn de Waadsee ôfsluten is mei in stoarmfloedkearing.

Estuarium[bewurkje seksje | edit source]

It hjoeddeiske estuarium leit op it plak dêr't yn de midsieuwen in seeëarm it eilân Eiderstedt skiede fan it fêstelân. Troch lânoanwinning groeide Eiderstedt. Uteinlik waard it eilân mei de fêste wâl ferbûn. De seeëarm feroare sa yn in estuarium.

It Eiderestuarium wie in net-temme waadgebiet mei in flink tij. It soal ferpleatste him hurd, faak wiene der oerstreamings yn de polders oan de Eider. Doe't yn 1936 de slûs by Nordfeld klear wie, begûn it estuarium sterk te fersânjen. Om dy redenen is 5 kilometer bewesten Tönning in stoarmfloedkearing boud, it Eidersperrwerk, dat yn 1972 klear wie. Krektas by de Easterskeldekearing wurdt de kearing allinnich by ekstreem hege wetterstannen sluten. Omdat de daam relatyf net folle skûven hat, wurdt it tij wat dimpe.

Tagelyk mei de bou fan it Eidersperrwerk waard oan de noardside fan it estuarium it Katinger Waad yndike. Dit is meast natoergebiet mei bosk en sompen. As briedgebiet foar in soad fûgels yn it gebiet hat it in belangrike ekologyske funksje.

It grutste diel fan it estuarium falt ûnder it natoergebiet Dithmarscher Eiderwad.

De Eider as grinsrivier[bewurkje seksje | edit source]

Troch it ûntbrekken fan skreaune boarnen is oer de iere skiednis fan it goa om de rivier hinne hast neat bekend. Pas sûnt de iere midsieuwen is wat ynformaasje oerlevere. Dúdlik is dat de Juten, Angelen en Saksen allegear út it hjoeddeisk Sleeswyk-Holstein en omkriten komme. Yn de Grutte Folkeferfarren migrearren in soad fan har nei it westen en suden fan Ingelân, dêr't se in oantal keninkriken stiften.

It thúslân fan de Juten lei yn it hjoeddeiske Denemarken, benoarden fan de Eider, en rikte grif oan Sleeswyk ta.
Sleeswyk en Holstein wiene grif de thúsbasis fan de Angelen, dy't har namme lienden oan it hjoeddeiske Ingelân. De Saksen wiene buorlju fan de Angelen en it is oannimlik dat de trije folken oan inoar besibbe wiene.

Yn de iere midsieuwen foarme de Eider de grins tusken de Saksen en de Denen (neffens Adam fan Bremen yn 1076). Ieuwenlang foarme se de grins tusken Denemark en it Hillige Roomske Ryk.

Hjoed is it de grins tusken Hartochdom Sleeswyk en de streek Holstein, respektivelik de noardlike en súdlike dielen fan de hjoeddeiske dielsteat Sleeswyk-Holstein.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Wikimedia Commons Dit materiaal is beskikber by Wikimedia Commons as Eider en wurdt mooglik ek brûkt by oare Wiky-projekten.