Treene (rivier)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De Eider en Treene
De Treene by Wohlde

De Treene (Dútsk:Trenen) is in 73 km lange rivier yn it noarden fan Sleeswyk-Holstein. Hy begjint yn it noarden fan Angelen, súdeast fan Flensboarch, en rint foar it grutstepart yn súd-súdwestlike rjochtin om by Friedrichstadt yn de Eider út te mûnjen.

De midseksje tusken Oeversee en Langstedt en Treia hat him ûntjûn ta in populêr kanowetter; fierder de rivier del is de Eider-Treenedelling in ekologysk weardefol rêstgebiet foar terkfûgels ("eibertdoarp" Bergenhusen). Yn Schwabstedt is in iepenbier 'rivierswimbad'; en fierder streamôf wurdt in protte farre mei plesierboaten.

Yn de iere histoarje wie it groege goa tusken Treene (Niederung) en Schlei in soarte fan isthmus, part fan de súdgrins fan Denemark, dy't doe 20 km fierder nei it suden nei de Eider rûn. De rûte Eider - Treene - Rheider Au (in sydrivier fan de Treene) - Schlei wie in skipfeartferbining tusken de Noardsee en de Eastsee (Baltikum). Wierskynlik moasten de boaten op plakken oer it lân tôge wurde, as oars hat de Kograben faaks as kanaal tsjinne (sjoch kaart), mar wis is dat net.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Gerd Quedenbaum: Vorflut. Der Eiderverband, ein Beitrag zur Geschichte des Deich- und Entwässerungswesens in der mittleren Eiderregion. Eider-Verlag, Düsseldorf 2000
  • Gerd Quedenbaum: Sorge und Treene. Eider-Verlag, Düsseldorf 1984