Waad

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Waad by Willemshaven.
It waad by Peazens

Waad is gebiet mei in hichte tusken de normale eb- en floednivo's. Yn it bysûnder wurdt mei It Waad ornaris doeld op it waadgebiet fan Nederlân, Dútslân en Denemark.

Waad komt fan it Aldfryske wurd vade, dat trochwaadzje betsjut.[1]

Typearing[bewurkje seksje | edit source]

Undersyk hat útwiisd dat der in beheind oantal mooglike types waadkusten binne. It type fan in gebiet is dêrby ôfhinklik fan de omstannichheden op dat plak, benammen de hichte fan it tijferskil en de gemiddelde weachhichte.

Yn it generaal jildt dat in grut tijferskil tegearre mei in lege weachhichte in tige ‘iepen’ kust jout, sûnder eilannen, mei inkel sânplaten en in grut gebiet mei kwelders en waadplaten.

En oarsom jout in hege gemiddelde weachhichte tegearre mei in lyts tijferskil in ‘sletten‘ kust mei tige lange eilannen, fan tsientallen kilometers, mei dêrefter in lagune mei in pear oant hast gjin waadplaten.

Typen[bewurkje seksje | edit source]

Der is in ûnderskie makke yn fiif soarten waadkusten:

  • type 1: tijferskil oerhearsket; gjin eilannen, grutte kwelders en strânflaktes
  • type 2: troch weagen opboude richels, bytiden ‘primitive’ eilannen.
  • type 3: withoefolle seegatten en (koarte) eilannen
  • type 4: ôfnimmend tal, langere eilannen
  • type 5: weachhichte oerhearsket; lange oaniensletten barriêres

Rottum[bewurkje seksje | edit source]

De gemiddelde weachhichte by Rottum is sawat 1 meter wylst it gemiddelde tijferskil mear as 2 meter is. Hjirút docht bliken dat de Nederlânsk/Dútske waadkust yn type 3 falt, karakterisearre troch in soad (koarte) eilannen en in soad seegatten.

Literatuer[bewurkje seksje | edit source]

  • M.O. Hayes - Barrier island morphology as a function of tidal and wave regime. In: S.P. Leatherman (ed) Barrier islands, from the Gulf of St. Lawrence to the Gulf of Mexico, Academic Press, 1979.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]

  • Wikiwurdboek-side - waad.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. ZeeInZicht