Estuarium

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De noarlike Amazônemûning mei estuarium

In estuarium is in ferbrede, meast trachterfoarmige riviermûing, dêr't swiet rivierwetter en sâlt seewetter mei elkoar fermingd wurde sadat brak wetter ûntstiet, en dêr't tijferskil te fernimmen is. At in rivier as in stelsel fan ôfsplissen yn see útmûnet wurdt fan in delta sprutsen.

Nederland hat sûnt de Deltawurken noch twa natuerlike estuariums: de Westerskelde (mûning fan de Skelde) en de Iems-Dollard (mûning fan de Iems). Wat no it havengebiet oan de Nieuwe Waterweg fan Rotterdam is, wie ea it estuarium fan de Maas, dêr't sûnt de romeinse tiid ek de Ryn foar it meastepart yn útmûne (Waal-Merwede, Nederryn-Lek).

Oare estuariums yn Europa binne ûnder oaren de mûningen fan de Seine, Garonne en Dordogne (Gironde), Taach, Wezer en Elbe; benei alle Britske rivieren mûnje út yn estuaria: Teems, Severn (Kanaal fan Bristol), Humber en Mersey.

Estuaria hawwe faak in grutte wearde foar de natuer, mar hawwe faak ek tichtbefolke kriten mei grutte stêden rûnom. Dat hat faak in protte negative gefolgen foar de natuer.