Wilhelmshaven

Ut Wikipedy

Gean nei: navigaasje, sykje
Stêdsteater
Keizer Wilhelm Brêge
Stêdhûs
Alde enerzjysintrale
Stêdspark

De stêd 'Wilhelmshaven (Sealterfrysk Wilhelmshoawen) is in stêd yn Leechsaksen. It leit yn de Aldenboarchske part fan Fryslân en de Jadeboezem. It waard yn 1937 mei in oare stêd, Rüstringen, ferienige. Doe hie de stêd mear as 100.000 ynwenners, hjoed net mear. Wilhelmshaven is in stêd mei in sûnt de 19e ieu grutte haven foar keaplju en de marine.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Skiednis

Yn 1853 waard twisken de steat Aldenboarch en de steat Prusen it Jadeferdrach tekene. De Prusen woenen oan de Noardsee jerne in kriichshaven bouwe en keapen dêrom fan Aldenboarch sa'n 1.000 pûnsmiet lân, dat oan de noardwestlike hoeke fan de Jadeboezem leit. It gebiet heart histoarysk by East-Fryslân. Yn 1869 joech kening Wilhelm fan Prusen de stêd de namme Wilhelmshaven.

It ferkochte lân hearde by de bisdommen Heppens en Nijeënde. Yn 1883 kochten de Prusen jitris 127 hektare derby. Troch de bou fan de kriichshaven woeksen de arbeidersmienskippen tige, dy't besuden de stêd lizze. Sa kaam it yn 1879 ta it stiftsjen fan it bisdom Bant, en mei Heppens en Nijeënde ûntstienen dêrút de Aldenboarchske stêd Rüstringen. In jiermannich libben de twa stêden, de ien ûnder Aldenboarchsk en de oare ûnder Prusysk bewâld, byïnoar en meiïnoar. Earst yn 1937 waarden de beide Jadestêden gearfoege en kamen ûnder Aldenboarchsk bewâld.

Wilhelmshaven wie nau ferbûn mei it ûnk fan de Dútske marine ferbûn. Nei de Twadde Wrâldkriich yn 1945 stie de stêd foar de grutste en dreechste opjefte yn har skiednis. Grutte wen- en havengebieten wienen yn 100 loftanfallen fierhinne sljochte en de werftbedriuwen wienen demontearre. Foar in soad arbeiders wie gjin wurk dêr. Wilhelmshaven wie de stêd mei de heechste wurkleazens yn Nedersaksen. Dat feroare stadich, doe't Dútslân Wilhelmshaven op 'e nij keas as marinestêd. De marinehelling koe wer boud wurde, en ek de sivile yndustry woeks bêst.

Lokkernôch foar Wilhelmshvane wie de ferbining mei de Noardsee mei it djippe farwetter fan de Bûtenjade. Dêr koenen ek oaljetankers del, en sa waard Wilhelmshaven de grutste Dútske oaljehaven. Raffinarderijen en grutte oaljetanks binne ferbûn troch oaljeliedings nei it Ruhrgebiet

[bewurkje seksje] Polityk

De Rie fan de stêd hat 42 sitten. Sa binne de sitten ferdield:

  • SPD - 17 sitten
  • CDU - 14 sitten
  • FDP - 5 sitten
  • Bündnis 90/De Grienen - 3 sitten
  • BASU – Bündnis für Bildung, Arbeit, Soziales und Umwelt - 2 Sitte
  • LAW – linke alternative wilhelmshaven - 2 Sitte
  • NPD - 1 Sit

[bewurkje seksje] Ferkear en transport

[bewurkje seksje] Auto

[bewurkje seksje] Trein

[bewurkje seksje] Skipfeart

  • De haven wie eartiids allinnich foar de marine. No farre der ek sivile skepen nei Wilhelmshaven. Wichtich projekt is de bou fan de JadeWeserPorts.

[bewurkje seksje] Bus

  • De ÖPNV rydt deisk op seis linen yn 'e st6ed. Der binne ek ferbinings nei de omkriten, dy't regionaalbussen fan de Weser-Ems-Bus GmbH betsjinne.

[bewurkje seksje] Keppeling om utens

Aspekten/aksjes
Persoanlike ynstellings