Eastfrysk (Nederdútsk)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Eastfrysk Nederdútsk (ek: Eastfrysk Plat, Eastfrysk Nederdútsk: Oostfreesk), is in dialekt yn 'e Nederdútske taalkloft, en wurdt sprutsen yn East-Fryslân. It hat yn 'e lette midskieuwen de Fryske taal fan East-Fryslân ferdreaun (nei it suden).

Klassifikaasje[bewurkje seksje | edit source]

It Eastfrysk Plat ûnderskiedet him al fan oare Nederdútske dialekten, útsein it Grinslânsk. It ûnderskied komt troch de sterke Fryske Substraat dy't ynfloed hân hat op it hjoeddeistige dialekt. Ek it Nederlânsk en Frânsk hawwe fan belang west foar it ta stân kommen fan it Eastfrysk Plat. It Grinslânsk en Eastfrysk plat kinne as ien dialekt sjoen wurde. Dochs skriuwt men beide talen oars, dit hat mei de standerttalen te krijen (Nederlânsk en Dútsk).

Tal sprekkers[bewurkje seksje | edit source]

Troch hegere ynfloed fan it Heechdútsk nimt it tal sprekkers njonkelytsen ôf. Likernôch 50% fan de Eastfriezen kin Eastfrysk Plat ferstean en prate. Under de jeugd kin likernôch 20 persint Eastfrysk Plat prate, en 50 persint fan de jongerein kin it ferstean.[1]

Foarbylden[bewurkje seksje | edit source]

Frysk Eastfrysk Grinslânsk Noardnederdútsk Nederlânsk Ingelsk Dútsk
har hör heur ehr haar her ihr
moai, kreas moi mooi, schier scheun mooi beautiful, nice, fine schön
barren geböhren gebeurn passeern gebeuren to happen geschehen
prate proten proaten snakken praten to talk, to prate sich unterhalten
net neet nait nich niet not nicht
wie was was wer was was war

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Deutsche Welle: Dat Platt soll bleiben