Leda

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
By Lier rint de Leda (rjochts) yn de Iems
Wetterkearing "Ledasperrwerk" by Lier

De Leda is in rivier yn Eastfryslân. It is in sydrivier fan de Iems en rint by Lier yn de Iems. De Leda hat in lingte fan 29 kilometer.

By de buorskip Roggenboarch benoarden fan it Sealterlân komt de Sealter Ie út yn it Elisabethfeankanaal en it Barsseler Djip. Uteinlik komme nei 0,56 kilometer dizze rivieren tegearre út yn de Leda. By Wiltshusen besuden fan Lier rint it sydrivier Jümme yn de Leda. By Lier leit in keardaam yn de Leda, it "Ledasperrwerk".

Trochdat de Iems úteinlik yn de Noardsee útkomt is yn de Leda it tij te fernimmen.