Ulrum

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Ulrum
Herfoarme tsjerke fan Ulrum

Ulrum is in doarp yn Grinslân yn de gemeente De Marne. Ulrum leit benoardeasten fan Sâltkamp, tusken de N361 en it Hunzegoakanaal.

Oant 1990 wie it in selstannige gemeente; yn dat jier kaam it lykwols by Eenrum, Liens en Kleasterbuorren en ûntstie der in nije mei de namme Ulrum. Dy namme waard yn 1992 feroare yn dy fan it ûnderkertier fan Hunzegoa: De Marne.

Uluringhem waard al neamd yn de 11e ieu. It wie it wenplak fan Ulurin of Ulrin.

Ulrum leit op twa wierden. Op de iene stiet de romano-goatyske tsjerke (ein 12e ieu) en by de oare wierde lei de Asingaborch. Op it oarspronklike borchterrein waard yn 1988 in park iepene.

Ulrum wie eartiids in woltierich doarp mei in protte middenstanners en lytse bedriuwen. Tsjintwurdich is der fral noch wat te dwaan yn de lânbou.

Ofskieding fan 1834[bewurkje seksje | edit source]

It doarp Ulrum is bekend wurden troch de Ofskieding yn 1834. Dûmny Hendrik de Cock koe him net langer fine yn de frijsinnige opfettings en wize fan preekjen yn de Nederlânske Herfoarme Tsjerke. Dit joech swierrichheden mei de klassis, de partikulire synoade en mei in soad notabelen yn syn fermidden. in protte ienfâldige minsken út it doarp en omkriten, somtiden sels fan fierens, kamen te preekharkjen. Nei in soad warskôgings, boetes, dragonders (soldaten) oer de flier, útsletting en ôfsetting besleat er mei de tsjerkeried om ta ôfskieding oer te gean.

Bekende ynwenners[bewurkje seksje | edit source]