Klimaatklassifikaasje fan Köppen

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Köppen-Geiger klimaatkaart

De klimaatklassifikaasje fan Köppen of de klimaatklassifikaasje fan Köppen-Geiger , is in oarspronklik yn 1918 troch de Russysk/Dútske biolooch Wladimir Köppen ûntwurpen klimaatklassifikaasje, dy’t letter sekuerder makke is troch de Dútske klimatolooch Rudolf Geiger.

Algemien[bewurkje seksje | edit source]

It klassifikaasjesysteen giet út fan de plategroei: de klimaatgrinzen waarden op grûn fan minimale en maksimale trochsneed moannetemperatuer bepaald troch it ferspriedingsgebiet fan beskate planten. Planten wienen in wichtich part fan de ûndersiken fan Köppen, dy't him ôffrege wêrom't beskate planten earne wol as net foarkamen. Hy fûn út dat it te krijen hie mei delslach en temperatuerferskillen. It die bliken dat de klimaatgrinzen meast lizze op de grinzen tusken twa as mear haadtypen fegetaasje. De skieding tusken tropyske en droege klimaten is de al as net oanwêzigens fan beammen beskiedend foar, ek is beammegroei de indikator tusken it lânklimaat en it toendraklimaat. De skieding tusken leafbeamfegetaasje en nullebeamfegetaasje leit rûchwei op de skieding tusken it kâldere lânklimaat en it mylde seeklimaat.

Yndieling[bewurkje seksje | edit source]

Köppen dielde it klimaat op trije nivo's yn ferskillende groepen yn. Eltse groep op elts nivo krige in letter. De fiif haadgroepen krigen elts in aparte haadletter (A o/m E). De twa lytsere nivo's krigen der elts in lytse letter oan taheakke. Sa kin der bygelyks in waarm maritym klimaat wêze, mei delslach yn alle seizoenen, oantsjut mei Cfa. De B- en E-klimaten krije elts noch in haadletter as 2e letter. Yn guon gefallen wurdt ek in fjirde letter takend. Op nivo 1 wurdt foaral in rûge yndieling makke op grûn fan temperatuer en delslach. Op nivo 2 wurdt der fierder opgsplitst oan de hân fan de delslachferdieling yn in jier. Nivo 3 is basearre op de temperatuerferskillen, faak giet it dêr om in waarm, tuskenbeide of koel klimaat.

Nivo’s[bewurkje seksje | edit source]

Nivo 1[bewurkje seksje | edit source]

  • A-klimaten of tropyske klimaten: de trochsneed temperatuer fan de kâldste moanne is net leger as 18 °C.
  • B-klimaten of droege klimaten (ierde klimaten): Te min delslach foar beammegroei en permaninte rivieren kinne dêr net ûntspringe. De klassifikaasje wurdt bepaald oan de hân fan de troch Köppen brûkte droechte-yndeks, dy't útgiet fan de jierlikse ferdamping.
  • C-klimaten of seeklimaat (maritime klimaten): Trochsneed temperatuer fan de kâldste moanne is net leger as -3 °C en yn de waarmste moanne tusken de 10 en 18 °C.
  • D-klimaten of lânklimaten (kontinintale klimaten): Trochsneed temperatuer fan de kâldste moanne is leger as -3 °C, trochsneed temperatuer fan de waarmste moanne is heger as 10 °C.
  • E-klimaten of poalklimaten (polêre klimaten): Trochsneed temperatuer fan de kâldste moanne is leger as -3 °C, trochsneed temperatuer fan de waarmste moanne is net heger as 10 °C. Dat it hiele jier troch is it eltse moanne (trochsneed oer 30 jier) kâlder as 10 °C.

Nivo 2[bewurkje seksje | edit source]

De A-, C- en D-klimaten krije in ekstra (lytse) letter dy't in eventuele droege perioade oantsjut:

  • s: sommertrocken, Dútsk foar droege simmer.
  • w: wintertrocken, Dútsk foar droege winter.
  • f: fehlt, Dútsk foar 'ûntbrekt'; der is gjin droege tiid.
  • m: moessonklimaat (allinnich by A-klimaten)

Dêrby is it yn in gebiet simmer at de sinne heech stiet en winter at de sinnestân leech is.

De B-klimaten krije in ekstra haadletter:

  • S: Steppe (semi-aride); jierliks falt der ûngefear tusken de 200 en 300 mm delslach. De werklike grins tusken it steppeklimaat, it woastynklimaat en de oare klimaten wurdt bepaald oan de hân fan de groechte-yndeks.
  • W: Woastyn (aride); jierliks falt der likernôch minder as 200 mm delslach. De werklike grins tusken it steppeklimaat en het woastynklimaat wurdt bepaald troch de droechte-yndeks.

De E-klimaten krije der ek in haadletter op ta:

  • T: Toendra; yn de waarmste moanne leit de temperatuer tusken de 0 °C en 10 °C
  • F: Iiskap; it hiele jier troch leit de trochsneed moannetemperatuer ûnder it friespunt
  • H: Heechberchtme; de letter H wurdt brûkt at in gebiet op in legere breedte as 70 graden leit, sa as bygegelyks de Alpen.
    Dy wurde yn guon boarnen ek wolris apart set fan de E-klimaten en as it H-klimaat klassifisearre.

Nivo 3[bewurkje seksje | edit source]

Foar C- en D-klimaten

  • a: waarm; de trochsneed temperatuer yn de waarmste moanne is heger as 22 °C
  • b: tuskenbeiden; de waarmste moanne is koeler as 22 °C
  • c: koel; minder as fjouwer moannen it jier is de trochsneed moannetemperatuer heger as 10 °C
  • d: kâld; de kâldste wintermoanne hat in trochsneed temperatuer leger as -38 °C

Foar B-klimaten

  • h: waarm; trochsneed jiertemperatuer heger as 18 °C
  • k: kâld; trochsneed jiertemperatuer leger as 18 °C

Nivo 4[bewurkje seksje | edit source]

Foar B-klimaten

  • s: droech seizoen yn de simmer
  • w: droech seizoen yn de winter

A-klimaten[bewurkje seksje | edit source]

B-klimaten[bewurkje seksje | edit source]

  • BS: steppeklimaat
    • BSh: waarm steppeklimaat
    • BSk: kâld steppeklimaat
    • BShs: waarm steppeklimaat, droech seizoen yn de simmer
    • BSkw: kâld steppeklimaat, droech seizoen yn winter
  • BW: woastynklimaat
    • BWh: waarm woastynklimaat
    • BWk: kâld woastynklimaat
    • BWhs: waarm woastynklimaat, droech seizoen yn simmer
    • BWkw: kâld woastynklimaat, droech seizoen yn winter

C-klimaten[bewurkje seksje | edit source]

D-klimaten[bewurkje seksje | edit source]

E-klimaten[bewurkje seksje | edit source]

Klimaatkaarten neffens Köppen[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: