Brazylje

Ut Wikipedy

Gean nei: navigaasje, sykje
República Federativa do Brasil
Flagge fan Brazylje Wapen fan Brazylje
Flagge Wapen
Lokaasje fan Brazylje
Offisjele taal Portugeesk
Haadstêd Brasilia
Steatsfoarm Federale republyk
Gebiet
% wetter
8.511.965 km²
0,65%
Ynwenners (2005) 186.405.000
Munt Real (BRL)
Tiidsône UTC -2 oant -5
Nasjonale feestdei 7 septimber
Lânkoade BRA
Ynternet .br
Tillefoan 55

Brazylje, offisjeel Bûnsrepublyk Brazylje, is in lân yn Súd-Amearika. De haadstêd is Brasilia en de presidint fan de republyk is sûnt 2002 Luiz Inácio Lula da Silva.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Geografy

[bewurkje seksje] Lizzing

Brazylje wurdt begrinzge troch:

[bewurkje seksje] Lânskip

Brazylje is it op fjouwer nei grutste lân op ierde en it grutste lân fan Súd-Amearika en nimt hast de helte fan it wrâlddiel yn. De eastgrins wurdt foare troch de Atlantyske Oseaan, dêr't de smelle kuststripe fan tichtbefolke is. Yn it noarden wurdt it lânskip bepaald troch tropysk reinwâld dy't har nei it suden útstrekt ta it Amazoneleechlân. Dat gebiet is it biotoop fan ûntelbere soarten dieren mei in unyk ekosysteem. De grutste rivier fan Brazylje is de Amazone. It lân is ryk tabedield my boaiemskatten.

[bewurkje seksje] Stêden

Brasilia is de haadstêd fan it lân. Foar 1960 wie dat Rio de Janeiro en noch earder wie it oant 1763 Salvador. Oare grutte stêden binne: São Paulo, Belo Horizonte, Fortaleza, Curitiba, Manaus, Recife, Porto Alegre, Belém en Goiânia.

[bewurkje seksje] Skiednis

Alde kaart fan Brazylje út 1519

Brazylje waard al yn it 8e millenium f. Kr. bewenne troch Yndianen. Om-ende-by 1500 arrivearren de earste Jeropeanen yn de kustgebieten, dy't yn de 17e ieu Portegeesk besit waarden. Brazylje ferklearre har yn 1825 ûnôfhinklik fan it memmelân. Mei de eksport fan kofje begûn de ekonomyske bloei. Yn 1961 gripe de militêren de macht dy't oant-en-mei de earste ferkiezings fan 1982 it lân regeare. Yn 1985 krijt Brazylje syn earste boargerpresidint en yn 1988 in nije grûnwet. It leger hat lykwols noch hieltyd in soad ynfloed op it regear.

[bewurkje seksje] Demografy

[bewurkje seksje] Befolking

It lân wurdt troch in protte lytse etnyske groepen bewenne, dêr't de oerspronklike yndiaanske befolking fan de lytste groep foarmet.

[bewurkje seksje] Ekonomy

De rike opbringsten fan de lânbou soargje foar in protte ynkomsten. Utsein de feefokkerij wurdt benammen kofje, kakau, soja en sûker, tabak, stynske weet en katoen ferboud. De autoyndustry en taleveringsbedriuwen domineare it sterk yndustraliearre lân.

It BYP per persoan is $9.500 (2007). Gearstalling fan BYP per sektor is 5,5% lânbou, 28,7% yndustry en 65,8% tsjinsten.

Aspekten/aksjes
Persoanlike ynstellings
Oare talen